De earste Spelen foar para-atleet Joël de Jong; medaljekâns by fierspringen

27 aug 2021 - 16:30

Fiif jier lyn hie er noch nea in stap op de atletykbaan set en no stiet hy op de Paralympyske Spelen yn Tokio. It giet hurd mei de sportkarriêre fan para-atleet Joël de Jong fan Harns.

Joël de Jong oer syn kânsen

Yn Tokio hat hy him kwalifisearre foar twa ûnderdielen, it fierspringen en de 100 meter sprint. Op it earste ûnderdiel is hy sels medaljekandidaat.

In wike foar't de para-atleten yn it fleantúch nei Tokio stappe, treffe we Joël de Jong op de atletykbaan yn Papendal. Mei syn trainer Guido Bonsen set hy de sprekwurdlike puntsjes op de i. Sa wurdt noch nei de start sjoen.

"Ik moet mijn linkerbeen minder ver vooruit zetten", leit er út wêrnei't hy ferskillende kearen de start oefenet. "Ging goed Joe!" ropt trainer Bonsen fan de oare kant fan de baan ôf. Joe? Hy hyt dochs Joël? "Iedereen heeft hier eigenlijk wel een bijnaam", fertelt trainer Bonsen

"Joe rijmt op veel dingen: Tokio Joe, Joe the show schijnt een tv-programma te zijn en hij studeert voor fysioterapeut, Joe de fysio."

Op de sprint stie de limyt foar de Paralympyske Spelen op 12,60 sekonden. Dy limyt hat Joël de Jong op in heale sekonde net helle. Wol ferbettere hy it ôfrûne jier syn tiid enoarm: fan 13,28 nei 12,65 sekonden. Mei dizze tiid is hy sânde fan de wrâld.

Neffens syn trainer is it dêrom net mear as terjochte dat Joël ek op dit ûnderdiel foar Nederlân útkomme mei. Foar Joël bleau it oant ein july spannend, pas doe krige hy definityf grien ljocht fan it NOC*NSF.

Medaljekandidaat by it fierspringen

By it fierspringen stiet hy mei in persoanlik rekôr fan 6,81 meter op it stuit tredde op de wrâldranglist. It poadium is dus yn teory helber. Achter him leit it fjild wol hiel ticht by elkoar, mar Joël is noch net útgroeid.

"Ik moet gewoon iets sneller in de aanloop om ook verder te kunnen springen en dat lijkt de goede kant op te gaan." It gat mei de nûmer ien en twa fan de wrâld is grut, mar wa wit. Joël is in jonge dy't tinkt yn mooglikheden.

Trainer Bonsen is it in grut talint fan Joël dat hy krekt oanfielt hoe't er de blade sa delsette moat, sa bûge moat, om der it measte út te heljen. Boppedat is hy net bang en is it ôfrûne jier syn oanrin in stik flugger wurden.

De coach fan Joël de Jong or syn kânsen en talint

Hij heeft zich zo bizar verbeterd afgelopen jaar.

Coach Guido Bonsen

As fjouwerjierrich jonkje krige Joël kanker yn de bonken fan syn linkerskonk. In jier letter moast syn skonk boppe de knibbel ôfset wurde. Mar Joël hat altyd sport: fuotbalje en tennisje. Oant syn 14de fuotballe hy by VV Harns. Hy moast dermei ophâlde om't syn proteze net mear tsjin de hieltyd feller wurdende duels koe.

Eltse wike by de protezemakker

"Bij het blokken van de bal, brak vaak mijn voet af. Eigenlijk zat ik elke week bij de prothesemaker om mijn prothese te laten repareren." Fia dizze protezemakker krige hy de mooglikheid ris in blade te besykjen. Der giet in wrâld foar him iepen.

Hy blykt talint te hawwen. Al gau stiet hy trije kear yn de wike op de atletykbaan en brekt it iene nei it oare Nederlânske rekôr by it fierspringen en op de sprint. Sûnt 2019 traint hy by Team Para Atletiek yn Amsterdam by coach Guido Bonsen. Twa jier lyn is hy dêrom ek nei Amsterdam ferhuze, dêr't hy ek de oplieding ta sportfysioterapeut docht.

Troch corona no al nei de Spelen

Syn coach, Guido Bonsen, stelt dat Joël de Jong de Spelen net helle hie as se ferline jier trochgongen wienen. Doe wie syn pupil noch net safier. "Hij heeft zich zo bizar verbeterd afgelopen jaar. Hij hoort er echt bij. Het is niet alleen letterlijk, maar ook figuurlijk een grote jongen geworden in de paralympische sport."

Dat letterlik die wol bliken by it passen fan de klean. Joël hie in jier lyn syn maten trochjaan moatten, mar by it passen fan de klean, in lytse twa wike lyn, die bliken dat hy alles in maat grutter ha moast.

Coach Guido Bonsen

Wannear komt Joël de Jong yn aksje op de Spelen:

Sneon 28 augustus, 12.51 oere, fierspringen

Snein 29 augustus, 14.41 of 14.47 oere heats 100 meter

Snein 30 augustus, 13.33 oere finale 100 meter, as hy dy hellet

(Advertinsje)
(Advertinsje)