Henk de Jong lit him net ôfliede troch transfers en tinkt oan FC Twente-thús

27 aug 2021 - 16:20

SC Cambuur spilet sneontejûn tsjin FC Twente, mar it giet de lêste dagen yn Ljouwert mear oer wat oars. Nammentlik oer nije spilers. De transferperioade rint noch oant en mei moandei en wis is dat Cambuur noch spilers binnenhelje sil. Trainer Henk de Jong lit him dêr net troch ôfliede.

Henk de Jong wol sa gau mooglik fan de nul punten ôf

De Ljouwerters sille tsjin FC Twente nei alle gedachten mei deselde opstelling begjinne as tsjin PSV. Dat betsjut dat Tamás Kiss nei alle gedachten wer spylje sil. Syn konkurrint Nick Doodeman is der net by. Hy hat lêst fan syn heup en ûntbrekt tsjin Twente, lykas de al langer blessearre Jasper ter Heide.

Sa gau as mooglik fan de nul ôf

Trainer Henk de Jong hopet dat Cambuur op syn minst ien punt pakt. "We moatte sjen dat we fan de nul ôf komme. Dêr sille we alles foar dwaan. We moatte sjen dat we nei 34 wedstriden 34 punten hawwe. Dêr sjoch ik nei. Ik reitsje net yn de war fan twa nederlagen hear", fertelt De Jong.

De trainer is freed jierdei en waard oan it begjin fan de dei tasongen troch syn spilers. Mar dat is net it iennige wat der dien is. Der hat dizze wike ek ekstra omtinken west foar de ferdigenjende standertsituaasjes. Dêrút krige Cambuur de lêste wedstriden meardere doelpunten tsjin. De Jong: "Dêr hawwe we dizze wike wer mei oan de gong west."

Henk de Jong oer de mooglike nije spilers by Cambuur

Freed wurde der twa nije spilers medysk kard. De Bulgaarske middenfjilder Filip Krastev en ferdigener Maxim Gullit sille der sneon noch net by wêze as Cambuur tsjin Twente spilet. Wat kin De Jong fertelle oer it nije twatal? "Dêr kin ik noch neat oer sizze. Mar der sille wol twa jonge jonges by komme, dy't harren troch ûntwikkelje kinne. En foaryn moat der noch wat gebeure."

Camacho net nei Cambuur

Dizze wike kaam der noch in tebeksetter by. Cambuur wie folslein rûn mei Rafael Camacho, in Portugeeske oanfaller fan Sporting Lissabon. Mar om't it finansjeel geunstiger wie foar Sporting om him yn Portugal te ferhieren, komt Camacho net nei Cambuur.

"Sa hiene we noch in stik as fiif, mar dy sitte yn Ingelân by de earste achttjin", sa seit De Jong. Cambuur fierde petearen mei Cody Drameh, Crysencio Summerville (beide Leeds United) en Jaden Philogene-Bidace (Aston Villa), mar dy meie net fuort fan harren klups. "Mar we binne oan de gong. It komt wol tichtby."

Tom Boere treft sneon syn âlde klup

Foar Tom Boere wurdt de wedstriid tsjin FC Twente in duel mei syn âlde klup. Tusken 2017 en 2019 spile de spits by de Tukkers. "Tegen je oude werkgever spelen, is altijd speciaal. Voor mij is het wel leuk."

Ferline wike makke Boere tsjin PSV syn basisdebút. Tsjin FC Groningen moast er noch op de bank begjinne, nei't er krekt genêzen wie fan corona. Boere: "Ik heb wel het gevoel dat ik op de goede weg ben. Ik ben lekker mijn ding aan het doen op de training. Negentig minuten lang in de stijl die wij willen spelen, is nog wel pittig. Honderd procent fit ben ik dus nog niet."

De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Twente begjint sneontejûn om kertier foar sânen. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio yn in ekstra sportprogramma. Dat set om healweis sânen útein en it kommentaar wurdt fersoarge troch sportferslachjouwer Andor Faber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)