Bruinsma protestearret: finale 50 meter frije slach moat oerswommen wurde

27 aug 2021 - 16:08

Liesette Bruinsma fan Wommels is it net iens mei de wize wêrop de finale fan de 50 meter frije slach ferrûn is. Se hat offisjeel protest oantekene en dat is takend.

Foto: Orange Pictures

Yn de finale einige Bruinsma krekt njonken it poadium, se waard fjirde yn in tiid fan 30,43. Bruinsma fûn lykwols dat de Sinese Li Guizhi har hindere. Se soe mei har earm trije kear oer de swimline kommen wêze. Dêrtroch rekke Bruinsma út koers.

It protest is takend troch de organisaasje. De finale moat no oerswommen wurde. It is noch net dúdlik wannear't dat barre sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)