RIVM meldt 98 nije besmettingen yn Fryslân

27 aug 2021 - 15:40

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 98 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 18 minder as tongersdei, doe't 116 nije besmettingen meld waarden.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 108 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 105, in wike lyn op 76.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 25 nije gefallen. Dêrnei komt Ljouwert mei 13.

Yn fjouwer Fryske gemeenten binne gjin nije coronabesmettingen registrearre: Flylân, It Amelân, Skiermûntseach en Dantumadiel.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en twa sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en der binne twa minsken opnaam yn it sikehûs.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.853. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.585 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)