Paralympysk brûns foar Rixt van der Horst

27 aug 2021 - 15:25

Rixt van der Horst hat op de Paralympyske Spelen yn Tokio in brûnzen medalje wûn. Mei har hynder Findsley waard se tredde by de yndividuele proef.

Foto: Orange Pictures

Op it ûnderdiel dressuer behelle de amazône út Grou in skoare fan 75.765. Dat wie lykwols net genôch foar it goud. De Deenske Tobias Jörgensen sette in meunsterskoare fan 78.971 del. It sulver wie foar de Britske Natasha Baker.

"Derút helle wat deryn siet"

Yn in earste reaksje lit Van der Horst witte dat se bliid is mei har prestaasjes. "ik denk dat we eruit hebben gehaald wat erin zat vandaag", seit se tsjin NOC*NSF. "Ik had hele goede stukken in de proef en ik was over het algemeen heel erg tevreden, maar er waren nog wel wat kleine puntjes die wel beter konden en die de score iets omlaag haalden, dus daar baal ik wel van."

Neffens har wie de konkurrinsje grut. "Dus dan moet je je er maar tussen zien te knokken."

Van der Horst kaam al frij fluch yn aksje. Se moast dus lang wachtsje oant se wist op hokker plak se einigje soe. "Ik was blij met mijn startplaats, dan heb je het gehad en dan is het wel vervelend om te wachten, maar dat hoort er ook bij."

(Advertinsje)
(Advertinsje)