FIDEO: Fierljeppen yn Gryptsjerk

Yn Gryptsjerk is de lêste fierljepwedstriid fan de reguliere kompetysje. Yn alle fiif kategoryen (manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes) sille de klassemintswinners bekend wurde. Nei ôfrin witte we wa't de sterkste 48 ljeppers wurde dy't nei it FK yn Winsum ta meie op sneon 4 septimber.
Omrop Fryslân is derby mei in livestream, fan 18.30 oere ôf. Mei kommentaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma en âld-topljepper Hannes Scherjon. It is te folgjen fia de webside, de app en YouTube.
It Frysk Kampioenskip is op sneon 4 septimber yn Winsum. Op basis fan it totaalklassemint fan de tredde, twadde en earste klasse geane de sterkste manlju (16), froulju (8), junioaren (8), jonges (8) en famkes (8) nei it FK.
© Martin de Jong
Njonken fiif Fryske titels binne dêr twa haadprizen te winnen:
De Sulveren Pols foar de fierste sprong fan de dei by de manlju, en de Glêzen Ljepster foar de fierste frouljussprong fan de dei. Beide binne wikselprizen. Dy meie je hâlde as je de priis trije kear op rige winne, of fiif kear yn totaal oer meardere FK's.