Oprop Fryske Steatefraksjes: "Creëer extra plekken om asielzoekers op te vangen"

27 aug 2021 - 14:42

De Fryske Steatefraksjes fan de PvdA, GrienLinks en ChristenUnie dogge in oprop om ekstra opfangplakken foar asylsikers yn te rjochtsjen yn Fryslân, no't de flechtlingestream wer tanimt.

Foto: ANP

De Fryske fraksjes dogge dy oprop, om't se foarkomme wolle dat der daliks needlokaasjes oanwiisd wurde moatte. "Als we nu niets doen, zitten de locaties van het COA naar verwachting binnen enkele weken vol. Dan moeten asielzoekers worden opgevangen op plekken die daar niet voor bedoeld zijn, zoals sport- en evenementenhallen", skriuwe de fraksjes.

De need is heech by it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, se ha grut ferlet fan ekstra opfangplakken, no't de flechtlingestream wer oan it tanimmen is.

De fraksjes dogge dizze oprop yn in brief oan de Kommissaris fan de Kening en Deputearre Steaten. Sy wolle dat der gau ekstra opfanglokaasjes komme: "Asielzoekers hebben recht op een veilig verblijf op locaties met goede voorzieningen. Vluchtelingen, waaronder geëvacueerde Afghanen die Nederland geholpen hebben, moeten goed worden opgevangen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)