Waddenvereniging poerlilk oer ynstimming minister mei gasboarringen by Ternaard

27 aug 2021 - 15:15

"Dit moet stoppen!" Dat is de hertekreet fan de Waddenvereniging nei oanlieding fan it nijs dat it boarjen nei gas by Ternaard definityf trochgiet. De minister hat it ljocht op grien set.

Foto: Remco de Vries

As alles neffens plan ferrint, kinne de boarringen yn 2023 begjinne. Mar of dat ek slagget, is noch mar de fraach. Natuerorganisaasjes ha al oankundige nei de rjochter te stappen.

It gasfjild leit oan de noardkant fan Ternaard ûnder it Waad. De natuerorganisaasje is ferbjustere oer it beslút fan de minister. "Een soort mengeling tussen ongeloof en woede. Hoe kan je in 2021 nog denken dat het oppompen van fossiele brandstoffen goed is voor onze toekomst?", seit Frank Petersen fan de Waddenvereniging.

"Klimaatverandering vraagt van alles en iedereen grote aanpassingen, roept het kabinet de hele tijd. En ondertussen beslist de minister van Economische Zaken dat de NAM waarschijnlijk aardgas mag winnen onder het mooiste natuurgebied van Nederland en een werelderfgoed waar we allemaal ontzettend trots en dol op zijn."

Alle seinen steane neffens Petersen op read foar it brûken fan fossile brânstof. Provinsje Fryslân en gemeente Noardeast-Fryslân ha earder ek al in berop dien op de minister om de gaswinning net ta te stean. "Hij luistert niet!", fersuchtet Petersen.

Neffens de mynbouwet soe de gaswinning tastien wêze. "Maar er is ook nog zoiets als de wet natuurbescherming, waar ook een ontwerpvergunning voor afgegeven is", seit Petersen. "En als er een ding is waar die wet sterk in is, is dat als er twijfel is of iets de natuur gaat schaden, dan mag het niet vergund worden."

Rechtse rakkers en de meest stonede hippies, iedereen van links tot rechts houdt van de Waddenzee.

Frank Petersen fan de Waddenvereniging

De natuerorganisaasje twivelet oan de rjochtsjildichheid fan de fergunning en wol nei de rjochter stappe. Petersen hopet op in soad stipe. "Rechtse rakkers en de meest stonede hippies, iedereen van links tot rechts houdt van de Waddenzee. Volgens de minister is de Waddenzee van de NAM, en dat klopt niet. De Waddenzee is van ons allemaal."

Hy ferwachtet ek stipe te krijen fan partijen yn de Twadde Keamer. Dêr sil op 15 septimber praat wurde oer dit ûnderwerp.

Frank Petersen fan de Waddenvereniging

(Advertinsje)
(Advertinsje)