De toan fan Joana Duarte: "Wolkom thús"

"Ja, ik haw de earste wike nei de simmerfakânsje al wer efter de rêch en ik moast wol efkes wer oan Fryslân wenne. By it weromkommen wie it moai om wer thús te wêzen, te boartsjen mei myn twa gekke katten, wer troch Ljouwert te rinnen en op in terraske by it wetter wat te drinken. Dizze aspekten fan it libben yn Fryslân hie ik mist de ôfrûne wiken yn Portugal.
Oan de oare kant is it waar net te fergelykjen mei de Portugeeske simmer, by de earste kear wer op 'e fyts slokte ik in hiele koloanje ynsekten troch ja, ik fergeat dat jo op 'e fyts jo mûle ticht hâlde moatte - en ús parkearde fytsen waarden nei fiif minuten yn de drokke binnenstêd troch in wat ûnfreonlike frou omgoaid, wat makket dat se no noch mear mei Ducttape en lym oan elkoar fêst hingje. Wolkom thús tocht ik, wylst de frou dy't de fytsen omgoaid hie gjin sorry sei, mar die as hie it ús skuld west, om't wy ús fytsen op in heuveltsje parkeard hawwe soene.
De ôfrûne tiid freegje ik my faak ôf wat krekt 'thús' is. Hearre jo earne hûndert prosint by? Bin ik oeral thús, of hear ik nearne echt by? Of is dizze kwestje yngewikkelder en net te beänderjen mei in swart/wyt ja of nee?
Op grûn fan de naturalisaasjewetjouwing fan de measte lannen, soene jo sizze dat minsken mar op ien plak thús wêze kinne, en dat dêrom de kar makke wurde moat foar ien lân. Mar der binne safolle keuzes te meitsjen yn it libben. Ite wy fisk, fleis, of binne wy fegetarysk? Fytse wy, rinne wy, nimme wy trein of bus, of pakke wy de auto? Wolle wy latte, tegearre wenje of trouwe? Mar as it giet om ús thús, dan folstiet kenlik ien keuzemooglikheid, swart-wyt. Of do hearst by dyn lân fan komôf, of do hearst by dyn nije lân it kin net beide tagelyk.
Alhoewol't ik út in oar EU-lân kom, en hjir yn Nederlân wenje en wurkje, kin ik net samar Nederlanner wurde en tagelyk myn Portugeeske nasjonaliteit behâlde. It kin allinne as ik trou mei in Nederlanner. As soe ik in bettere boarger wêze as ik troud bin mei immen fan hjir. Soe it net moaier wêze as Nederlân it ferskaat oan minsken omearmje soe, en dat fertale soe yn in rommer tal keuzemooglikheden? Kinne minsken net better oan de mienskip bydrage as sy gewoan akseptearre wurde sa't sy binne? Ast fegetarysk bist, soe it ek net OK wêze om ynienen allinne noch mar fleis te iten, omdatst der oars net by hearst?
Mar wat witte wy fan minsken dy't echt oeral by hearre, en yn oanrekking komme mei in grut ferskaat oan kulturele ynfloeden? Der is in soad ûndersyk dien nei dizze saneamde "Third Culture Kids" of "Culture Third Individuals". Dat binne minsken dy' t opgroeie yn in oare kultuer as dy fan har heit en mem of de kultuer fan it lân dat oerienkomt mei har nasjonaliteit se hawwe dus in eigen 'tredde kultuer'. It meast bekende foarbyld fan in Culture Third Individual is âld-presidint Obama, dy't berne is op Hawaï, mar in wichtich part fan syn jeugd trochbrocht yn Yndonezië, as soan fan in Amerikaanske mem en in Keniaanske heit. Of myn eigen soan Gaspar, dy't mei syn Portugeeske mem en Dútske heit hjir yn Ljouwert op skoalle sit. Third Culture Kids lykas Obama, en Gaspar dus, wurde bleatsteld oan in grutter ferskaat oan kulturele ynfloeden.
Ut ûndersyk nei Third Culture Kids docht bliken:
En fansels binne sy ek... meartalich. Der binne dus in soad foardielen anneks mei it nearne thús wêzen. Sa kom ik ta myn konklúzje: dyn thús is net perfoarst dêr wêr'tst wei komst, mar is dêr wêr'tst dy lokkich fielst, wurdearre wurdst en wêze meist wa'tst bist. It is net altyd ienfâldich om "tusken twa kultueren" te libjen en te tinken.
Foar de maatskippij soe it better wêze om dizze rykdom oan feardichheden en ûnderfinings te omearmjen, yn stee fan dêr blyn foar te wêzen en elkenien te twingen om deselde ienfoarmige keuzes te meitsjen. Want dêrmei docht dyselde maatskippij himsels tekoart. Lit my Portugeesk, Nederlânsk en Frysk wêze! Lit my thús wêze yn Portugal én yn Nederlân, en lit my ynsekten trochslokke, elke kear as ik hjir, nei fiif wiken om utens, wer op 'e fyts stap."