Simmerblog: Simmer yn Ald- en Nijhoarne

27 aug 2021 - 17:49

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: sân wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Dit is it lêste dei fan Simmer yn Fryslân foar dit jier! We binne hjoed yn Ald- en Nijhoarne.

17:50
Dit wie Simmer yn Fryslân foar dit jier!

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Dit wie Simmer yn Fryslân foar dit jier. Takom jier binne we der wer, oant dan!

17:48
Ein fan dit simmerblog
17:31
Ofslute by sportferiening UDIROS
De frijwilligers fan UDIROS - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Wy slute hjoed ôf by sportferiening Udiros (ús doarp is ryk oan sport). De feriening is de coronatiid goed trochkaam: "We ha gelokkich hiele trouwe sponsoaren, en leden dy't bleaun binne. Ik moat sizze dat de stipe dy't der west hat foar ús reedlik goed foldien hat. We binne der reedlik goed trochhinne kaam binne." It is ek bysûnder dat de leden hast allegearre by de klup bleaun binne. "Wy ha ek soarge dat alles wat der noch mocht oan trainingen en alles trochgean koe. Ek al wie it somtiden mar mei twa man. Dat waard hiel bot wurdearre, dus minsken ha sein, as alles daliks wer kin dan binne der wer."

Frijwilligers by UDIROS

Der binne in soad doarpsbewenners dy't wat foar de klup dogge. Ien fan dy frijwilligers is Sjouke: "Ik mei hjir graach wêze, ik doch hjir fan alles wat, meane, skoffelje, hageknippe, fervje en timmerje. Slagget it net dan sykje ik in timmerman, mar it komt altyd goed. Mear as tweintich jier bin ik hjir frijwilliger."

Allinnich de strakke linen by it fjild del wurde net troch in frijwilliger, mar troch in djoere robotmeaner meand: "It kostet in pear sinten, mar dan ha je ek wat."

De frijwilligers fan UDIROS oan it wurd

17:00
Alderwetsk buorkje

Kerst en Pietsje Jonkman buorkje noch wat mear sa't dat eartiids barde, fertelt Kerst: "Wy binne noch in bytsje tradisjoneel, om it sa mar te sizzen." It is moai skjin op yn 'e stâl. "Dêr ha ik in protte wurk fan hân", seit Pietsje. "Dat moat ien kear yn 't jier even, ien kear yn 't jier moat it efkes hielendal skjin."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop op 'e buorkerij

16:48
Grutte houten hynders

Rudolf de Jong makket houten hynders, op wiere grutte, en sels noch in lyts bytsje grutter as dat: "It is in bytsje grutter. Om se wat ymposanter te meitsjen, besykje ik se in bytsje grutter te meitsjen. Mar minsken moatte it net direkt sjen dat se wat grutter binne."

De Jong fertelt hoe't er derby kaam is. "Ik ha ris in Frysk hynder kocht, mar dan moatte je fansels alles leare fan dat hynder. Ik tocht, as ik no ris ien meitsje dan wit ik wêr't alles sit. De earste foel noch net mei."

Rudolf de Jong makket houten hynders

16:12
De lêste stikkers fan dit jier binne te plak!
15:51
It slûswachtershûs oan de Tjonger
15:18
Deibesteging knutselt tydlik op in oar plak

"Wy binne hjir yn it Trefpunt efter de pastorij. Wy sitte hjir tydlik, want wy binne deibesteging by it Ademahuis, mar wy ha tydlik de flier derút, wy krije in nije flier", fertelt Ivette Wijnsma, dy't deibesteging oanbiedt foar minsken mei begjinnende demintens, of minsken dy't iensum binne. "Sy komme hjir mei de frijwillige sjauffeurs, wy drinke kofje mei inoar, wy ite mei inoar. En middeis dogge wy wer wat aardichs."

Coby ten Boom is ek frijwilliger by de deibesteging. "Ik wie earst altyd op skoalle tusken 'e middeis ite mei de bern, mar dat is doe opholden. Ik tink ik moat al efkes wat oars derby ha. Ik fyn 't prachtich, ik bin allinnich thús, myn man is trije jier lyn stoarn, dan falst sa yn in gat. Dan is dit toch wol in ôflieding. Ik mei it hiel graach dwaan."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop by de deibesteging

14:21
Prachtige natuer by Ald- en Nijhoarne
13:46
By Willem Teun yn de kas
Willem Teun - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

"It Hummelhûs is mear as allinne in tún, wy ha ek soarchopfang, berne-opfang, âldere-opfang en it stikje tún, dat doch ik", fertelt Willem Teun. Hy ferbout op it 'stikje' tún mear as 100 ferskillende soarten grienten en fruit. "Sacht fruit, yn de kas tomaten, pepers, ferskillende soarten paprika's", en dat is noch mar in lytse seleksje.

Willem Teun fertelt oer syn 'stikje' tún

(Advertinsje)
(Advertinsje)