Learkrêft dy't viral gie op sosjale media skriuwt boek oer lockdown-skoaljier

27 aug 2021 - 10:11

Dosint Nederlânsk oan de Friese Poort Conrad Berghoef joech tongersdei de earste eksimplaren fan syn boek Leraar op de fiets oan syn studinten Nynke út Mitselwier en Gizem fan It Hearrenfean. Berghoef kaam in pear moanne lyn yn it nijs, omdat studinten him yn in online les wiidweidich betanken foar al syn ynspanningen.

Nynke út Mitselwier en Gizem fan It Hearrenfean krigen de earste eksimplaren fan it boek - Foto: Omrop Fryslân

Leraar op de fiets giet oer de aventoeren fan in dosint yn it lockdown-skoaljier. Berghoef hie it dreech mei de lockdown en miste it echte kontakt mei syn studinten.

Yn waar en wyn

Omdat syn studinten ek net by de skoalbiblioteek komme koene en se neffens Berghoef wol lêze moatte, naam er it beslút om alle studinten op 'e fyts boeken te besoargjen. Dat betsjutte in soad kilometers yn waar en wyn, want de mbû-studinten wenje rûnom yn Fryslân, fan Mitselwier oant Donkerbroek en fan Snits oant It Hearrenfean.

"Je mist het informele contact, als je alleen maar online les hebt. Ik vond het zwaar worden en haalde er weinig vreugde uit", fertelt Berghoef.

De dosint hat op syn racefyts yn alle hoeken fan Fryslân west om boeken te bringen. "Mijn hobby is wielrennen, maar dit liep wel een beetje uit de hand. Mbû-dosinten komme ornaris net op húsbesite, mar Berghoef wie oeral wolkom. "Je hoort dan de verhalen over wat de studenten van de lockdown vinden en je ontmoet ook ouders, want in die tijd zat iedereen thuis."

Viral op sosjale media

Berghoef kaam in pear moanne lyn yn it nijs omdat studinten him yn in online les wiidweidich betanken foar al syn ynspannings. It filmke waard opnommen en gie viral op de sosjale media.

Studinte Gizem Aydemir fan It Hearrenfean naam it inisjatyf foar dizze aksje, mar hie nea tocht dat it sa grut wurde soe. "Ik zag op twitter dat hij er helemaal doorheen zat. Toen heb ik de klas geappt en zijn we op dit idee gekomen en dat is heel mooi uitgepakt."

Hij heeft me echt aan het lezen gekregen, want dat deed ik eerst niet.

Studint Gizem Aydemir

It filmke taaste de dosint sichtber yn it moed. "Dat studenten zoiets bedenken en doen is goud." Aydemir fynt it bysûnder dat Berghoef yn waar en wyn ferskate kearen boeken op de fyts fan Drachten nei It Hearrenfean brocht. "Hij heeft me echt aan het lezen gekregen, want dat deed ik eerst niet."

Leafdesferklearring oan it ûnderwiis

Conrad Berghoef beskôget syn boek as in leafdesferklearring oan it ûnderwiis, mar dan wol oan 'echt onderwiis in de klas'. "Ik hoop dat we het ook kunnen lezen als document over een tijd die hopelijk achter ons ligt." Hy hopet ek dat it ûnderwiis as lêste oan bar is, yn it gefal dat der dochs wer nije coronamaatregels nommen wurde moatte.

Studinte Nynke en Conrad Berghoef

(Advertinsje)
(Advertinsje)