Cambuur lûkt Bulgaarske middenfjilder Krastev en ferdigener Gullit oan

27 aug 2021 - 18:44

SC Cambuur hat freed twa nije fuotballers binnenhelle. It giet om de Bulgaarske middenfjilder Filip Krastev en Maxim Gullit, soan fan âld-topspiler Ruud.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Beide spilers binne freed medysk kard yn Ljouwert. Krastev wurdt hierd fan Lommel SK, wylst Gullit fan AZ kocht is.

Krastev is in middenfjilder en stiet ûnder kontrakt by it Belgyske Lommel. Gullit kin ynset wurde as linker ferdigener en linker sintrale ferdigener. Hy hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen.

De kâns is lyts dat it twatal sneon al meidwaan kin tsjin FC Twente. Dat hinget fan de medyske keuring ôf en oft se op 'e tiid ynskreaun wurde by it fuotbalbûn KNVB.

Direkteur Gerald van den Belt dy't by de ôfwêzigens fan technysk manager Foeke Booy de technyske saken by SC Cambuur docht, is bliid mei de komst fan de twa spilers.

"We hebben wat geduld moeten hebben, maar het is mooi dat het nu ook wordt beloond. Dit zijn twee spelers die met hun veelzijdigheid en specifieke kwaliteiten ons team beter gaan maken", seit er op de webside fan Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)