FIDEO: Op camping Het Wad op de Ofslútdyk 'ken en helpt elkenien elkoar'

Midden op de Ofslútdyk, by Breesândyk, wurdt al mear as sechtich jier kampearre. Der is gjin streamend wetter en der binne net in soad foarsjenningen. Dochs wolle de kampearders foar gjin goud harren plakje ynruilje foar wat oars. It is benammen de 'saamhorigheid' wat camping Het Wad unyk makket. Elkenien ken elkoar, helpt elkoar en soarget foar elkoar.
Camping Het Wad op de Afsluitdijk
Greta Volders is foarsitter fan Zeehengelsport- en kampeervereniging 'Het Wad' en leit út wat de camping sa bysûnder makket: "Je zou het niet zeggen dat het hier zo speciaal is. Er is geen water of riool en pas sinds kort elektriciteit. Maar er is vrijheid, gezelligheid, saamhorigheid. Hier kent iedereen elkaar, helpt elkaar. Er staan soms wel vier generaties op de camping."
De 91-jierrige Hayo Kloen is de langst sittende kampearder. Sa'n sechtich jier lyn kaam er hjir foar it earst. "Ik had in een boekje gelezen dat je hier lekker kon vissen. En ik ben er gebleven", fertelt er. Tsjintwurdich wurdt der gjin fisk mear fongen, mar Hayo is altyd bleaun. "Dit is mijn leven, mijn alles."

Ien grutte famylje

De kampearders foarmje ien grutte famylje. Se ha mei-inoar in loads boud, dy't brûkt wurdt as kantine. Yn it fakânsjeseizoen spylje se kaart en bingo. De bingojûnen wurde fersoarge troch Jannie Norder. Grutsk lit se de prizekast sjen. "Hier is ook een speciaal hoekje met spullen voor de kinderen, voor de kinderbingo", fertelt se.
Alhoewol't de omjouwing flink yn ûntwikkeling is, binne der gjin plannen om wat mei it gebiet fan de camping te dwaan. Foarearst steane de kampearders noch mei in soad wille midden op de Ofslútdyk.
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.