Alyda Norbruis twadde op 500 meter tiidrit yn Tokio: "Sulver mei gouden râne"

Baanhurdfytster Alyda Norbruis hat op de Paralympyske Spelen yn Tokio sulver pakt op de 500 meter tiidrit yn de klasse C1-3. Allinnich de Australise Amanda Reid wie rapper as de 32-jierrige Friezinne. Reid klokte mei 38,487 in wrâldrekôr. Norbruis notearre 39,002.
Alyda Norbruis © Orange Pictures
It is al de fiifde paralympyske medalje foar Norbruis. Yn Londen 2012 wûn se ek al it sulver op de 500 meter tiidrit. In Rio wist se sels goud te winnen op dit ûnderdiel. Yn de Braziliaanske stêd pakte se ek noch it goud yn de dykrace by it hurdfytsen en it brûns op de 3000 meter yndividuele efterfolging op de baan.
"Ik wist dat ik in kâns hie op in medalje, mar dat it sa útpakke soe, hie ik net ferwachte. Ik ryd de bêste race út myn hiele topsportkarriêre en dy hat laat ta in sulveren medalje mei in dikke fette gouden râne", sei Norbruis yn in earste reaksje.
"Ik wol graach meijaan dat hoefolle hobbels je ek tsjinkomme op de wei nei dyn doelen en dreamen, je se altyd neijeie bliuwe moatte en jinsels herpakke moatte as it tsjinsit. Myn trochsettingsfermogen hat tink ik altyd myn grutste krêft west", seit de hurdfytster út Oerterp.
Alyda Norbruis