Tredde part mear besmettingen mei corona yn ien wike

27 aug 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn Fryslân fêststeld is, leit goed 34 prosint heger as in wike earder. It wienen dizze wike 737, ferline wike noch 547. It tal sikehûsopnamen en stjergefallen bliuwt wol beheind.

Foto: ANP

Yn trochsneed gie it om 105 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân, in wike earder wie dat noch 78.

De gemeente Ljouwert hie mei 137 registraasjes de measte besmettingen. Nei Ljouwert komme Súdwest-Fryslân (102) en Noardeast-Fryslân (83). Skiermûntseach is de iennige gemeente dat de hiele wike frijbleaun is fan nije besmettingen. Op Flylân en It Amelân waard ien nije besmetting registrearre.

Achtkarspelen omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Achtkarspelen it heechst. Dêr binne omrekkene 201 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. De ôfrûne twa wiken wie it tal nije besmettingen op Flylân relatyf it heechst.

Yn totaal sitte alve Fryske gemeenten op mear as 100 besmettingen op 100.000 ynwenners. Twa wiken lyn jilde dat noch foar twa gemeenten.

0 stjergefallen, 3 sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike ha der gjin registraasjes west fan Friezen dy't ferstoarn binne oan it coronafirus. Ferline wike wie der ien stjergefal.

Trije Friezen binne mei corona yn it sikehûs opnaam. Dat giet om twa ynwenners fan Súdwest-Fryslân en ien fan de gemeente Hearrenfean.

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Yn totaal goed 50.000 Friezen corona hân

Mei de 737 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by mear as 50.000 Friezen it coronafirus fêststeld. Om krekt te wêzen giet it om 50.299.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân stiet op 486. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)