Fermiste swimmer op Skylge noch net fûn, sykaksje giet fierder

By Skylge wie tongersdeitejûn in grutte sykaksje nei in fermiste swimmer. Der waard massaal socht nei de man. By de sykaksje op de Noardsee sloech ien fan de rêdingsboaten om. Ek freed wurdt der noch nei de swimmer socht.
© Laura Conijn / ProNews
Om 19.15 oere hinne kaam der in melding fan in fermiste man. De man soe oan it swimmen wêze yn in griene swimbroek. Op dat stuit wie der in sterke brâning. "Er was een flinke branding van ongeveer 2,5 meter. Mogelijk dat dat de situatie gevaarlijker heeft gemaakt voor de zwemmer", seit wurdfierder Denice Blok fan de Kustwacht.
De helptsjinsten waarden massaal ynset. Der waard mei rêdingsboaten fan de KNRM, in fleantúch fan de Kustwacht en in SAR-helikopter socht nei de swimmer. De sykaksje fûn plak oan de Noardseekant fan Skylge.

Rêdingsboat slacht om

By de sykaksje is de rêdingsboat Maria Hofker fan KNRM It Amelân omslein troch de brâning. Trije fan de fjouwer opfarrenden rekken yn it wetter. Sy binne mei de SAR-helikopter út it wetter helle. De fjirde opfarrende wie noch oan board. Sy meitsje it allegear goed.
Fierder stienen de plysje en de ambulânse klear op it strân.

Helikopter fan Definsje

Letter socht in helikopter fan Definsje mei in spesjale 'nachtkijker' nei de man. De swimmer waard lykwols net fûn en om 22.45 hinne is de sykaksje beëinige.

Sykaksje giet troch

Freed giet de sykaksje fierder. "Vandaag zal de Kustwacht de vliegende eenheden sowieso vragen om nogmaals over het zoekgebied heen te vliegen", seit Blok. Ek wurdt neffens de wurdfierder in plan makke om op it strân fierder te sykjen.
Hoelang't de sykaksje noch trochgiet, is net bekend. Der wurdt rekken mei hâlden dat de swimmer net mear libben oantroffen wurdt. Blok: "De overlevingskans wordt steeds kleiner."
Wurdfierder Denice Blok fan de Kustwacht