Frachtwein ferliest slachtôffal: A7 tusken De Tynje en Drachten ticht

26 aug 2021 - 20:36

In frachtwein moast tongersdeitejûn in needstop meitsje op de A7 tusken Beetstersweach en Drachten-Sintrum. Dêrby hat de frachtwein twa konteners mei slachtôffal ferlern. In part fan de dyk is no ticht.

Foto: V.O.F. Noordernieuws

De A7 is ticht tusken De Tynje en de ôfrit Drachten-Sintrum. It ferkear wurdt omlaat fia de A32 en de N31.

De dyk bliuwt nei alle gedachten oant 01.00 oere ticht.

Trefwurden: 
Drachten A7 De Tynje
(Advertinsje)
(Advertinsje)