Biste-opfang De Wissel ticht om deadlike kattesykte

26 aug 2021 - 18:02

By jonge katten yn biste-opfang De Wissel yn Ljouwert is de besmetlike kattesykte fêststeld. Katten dy't net yninte binne tsjin de sykte, kinne deroan deagean. De Wissel giet de kommende twa wiken ticht fanwege de útbraak.

In kat - Foto: Shutterstock / RiddleTom

Fan it simmer warskôgen bistedokterpraktiken en de diere-ambulânse yn Harns en omkriten al foar de sykte, dy't dêr foar slachtoffers soarge.

Opfang De Wissel nimt de kommende twa wiken sa min mooglik nije katten yn fan de strjitte. Allinnich oer needgefallen kin praat wurde.

Yn de opfang dogge se der no alles oan om de sykte fuort te krijen, sadat se sa gau as mooglik wer iepen kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)