Kening op besite by De Tiid yn Boalsert: in race tsjin de klok

Noch in lytse twa wiken en dan moat de ferbouwing fan Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert klear wêze, sa't de kening it op 7 septimber iepenje kin. Timmerlju en ynstallateurs binne no noch drok dwaande om alles op 'e tiid klear te krijen.
De klok tikket by De Tiid:
Bûten binne strjitlizzers dwaande. Binnen skilders, timmermannen en ynstallateurs. Direkteur-bestjoerder Pascal Arts wennet hast yn it âlde stedhûs fan Boalsert. Hy is bestjoerder fan it museumdiel, fan de VVV en de hoareka yn it gebou. Fierders krije de biblioteek, gemeenteloket en it gemeente-argyf ek in plak yn it kompleks.
Sân dagen yn de wike is Arts dwaande om foar 7 septimber alles klear te krijen. It oranjebitter bliuwt foarearst yn de flesse, want der moat noch in soad gebeure.

Gjin twivel, wol soarch

Twivel oer oft it allegear slagget, dêr docht de direkteur net oan. Grutste soarch is op it stuit de elektroanika. Tink oan bygelyks de levering fan de skermen dy't yn it museumdiel fan it gebou komme.
De ynstallaasje fan dy skermen wurdt útsteld nei in lettere faze fan it projekt. Arts hat it leaver oer wat der al hast klear is, as oer wat der allegear noch barre moat.
Der wurdt noch hurd wurke © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De âlde riedseal bygelyks. It wurdt in romte om te trouwen. Arts: "We willen ook een koord ophangen, waaraan een bel verbonden is." Hy fertelt dat it eartiids gebrûklik wie om de bel te lieden as man en frou elkoar it jawurd joegen.
Earst moatte de âlde kandelers wer omheech. De âlde boargemasterskeamer is ek hast klear. Oant nei it wykein wurdt der noch skildere, timmere en stúkt.
Nei it wykein begjint it skjinmeitsjen en ynrjochtsjen fan de museumstikken. De skiednis en identiteit fan de gemeente Súdwest-Fryslân stean sintraal yn de eksposysje.

Achthoeke komt werom

Opfallend is dat de foarm fan de toer, in achthoeke, yn in soad aspekten fan it museum werom te finen is. Bygelyks yn it tapyt, mar ek yn it hing- en slútwurk fan de meubels. Arts neamt it gebou in "belangrijke culturele plek om samen te komen en verhalen te delen". Hy hopet dat it ek in ympuls oan de lokale ekonomy jout.
Op dizze ljedder nei de toer komme projeksjes fan de timmermanlju © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De gearwurking fan alle partijen, dêr is Arts it meast grutsk op. Net allinnich tusken de biblioteek, it gemeenteloket en it museum, mar ek it wurkjen mei de faklju. Guon krije sels in plak yn de tentoanstelling. By de ljedder nei de toer fan it gebou komme projeksjes fan de timmermannen, yn outfits fan 400 jier lyn.

Bysûndere ynskripsje

De toer wurdt foarearst net tagonklik foar publyk. It is praktysk net helber om op de houten ljedder ôfstân te bewarjen. Wol is der op dy ferdjipping in bysûndere ynskripsje út 1614 te sjen.
De ynskripsje út 1614 © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Op 11 en 12 septimber is hâldt it museum in iepeningswykein foar publyk.
Direkteur-bestjoerder Pascal Arts oer it wurk yn de lêste wiken