Noch gjin ekstra Fryske opfangplakken foar asylsikers

It is noch net dúdlik hoefolle ekstra opfangplakken foar asylsikers Fryslân leverje kin oan it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers. It COA hat grut ferlet fan dy ekstra plakken en hat dêrom de gemeenten en provinsjes oanskreaun om te sjen nei wat der mooglik is.
© ANP
De need by it COA is op it stuit heech. Der is kwealik trochstream fan statushâlders wylst de flechtlingestream wer oan it tanimmen is. Dêr komt no de stream evakuearden út Afganistan ek noch by. Dy wurde no opfongen yn needlokaasjes yn ûnder oare Zoutkamp.

Oerlis mei ministearje

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yn syn rol as rykshear (fertsjintwurdiger fan de regearing) op koarte termyn in petear mei minsken fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Hy kriget dan te hearren wêr't krekt ferlet fan is. Brok sil dan mei de belutsen Fryske gemeenten yn petear om te sjen wêr't de mooglikheden krekt lizze.
It giet dan om de gemeenten wêrfan't in oantal aktyf is by de opfang fan asylsikers. Dat binne Súdwest-Fryslân, Ljouwert, Smellingerlân, Harns, Tytsjerksteradiel, Hearrenfean, Opsterlân, De Fryske Marren en Waadhoeke. It is noch net dúdlik wannear't dy byinoar komme.

COA siket romte

In wurdfierder fan it COA lit witte dat se by de besteande lokaasjes oan it sjen binne oft der noch romte is. Dat moat dan al passe binnen de oerienkomsten dy't sletten binne mei de belutsen gemeenten. Se wol net sizze oft der fierder noch socht wurdt nei alternative opfanglokaasjes.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de opfang