Rixt van der Horst giet yn Tokio foar goud; de iennige priis dy't noch ûntbrekt

Yn ús rige oer de Paralympyske Spelen folgje we de Fryske sporters dy't nei Tokio meie. Dizze kear Grouster Rixt van der Horst, dy't meidocht oan de dressuer. De amazône is yntusken 29 jier âld en is wrâldwiid ferneamd yn har sport.
"De topsport hat my in soarte fan akseptaasje brocht," seit Rixt van der Horst:
"Moai dat jimme der binne, ik jou krekt efkes myn hynder Finsley wat te iten," seit Rixt van der Horst as wy de maneezje binnen rinne. Van der Horst is yntusken ferhuze nei Veldhoven (Brabân). Sy is drok dwaande yn de tarieding foar Spelen. Op freed 27 augustus sil sy foar it earst los. It wurde har twadde Spelen. Fiif jier lyn helle sy yn Rio twa kear brûns en ien kear sulver.

Hynders yn karantêne

Goud ûntbrekt dus noch. "Dêr gean we no wol echt foar," seit se wylst se Finsley út it hok hellet om him klear te meitsjen foar in nije rit. "It foardiel is dat ik al in Spelen meimakke ha. Ik wol no benammen genietsje. Dat ha ik foarige kear net sa bewust dien. As je dat dogge, dan komt de prestaasje fansels wol."
Mar no spilet corona ek in rol. "Dat is wol dreech. De hynders moatte sels in pear dagen yn karantêne. Wit net oft it helpt, mar alles is meinommen. Der sil gjin publyk wêze, dat kin noch wol raar fiele."
Rixt van der Horst © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Mei grutte passen stapt Finsley it hok út. Chantal van Luttervelt, de groom fan Rixt, nimt it hynder mei nei de bûtenbak. Rixt komt der yn de rolstoel efteroan. Sy is berne mei in tekoart oan soerstof en hat dêrtroch scoliosis.
Se rint net goed, mar op it hynder fielt se har thús. "De topsport hat my in soarte fan akseptaasje brocht," seit Rixt wylst sy sjocht hoe't Chantal it hynder losrydt. "Ik woe eartiids altyd dwaan oft der neat oan de hân wie, mar dat kin gewoanwei net. Dêr rûn ik tsjinoan. Yn myn sport koe ik wol wêze wa't ik woe. Sa koe ik der mei libje. Ik wol ek oare minsken ynspirearje, om sjen te litten dat alles mooglik is, as it je mar wolle."
Rixt van der Horst yn Veldhoven © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Rixt van der Horst oer de Spelen yn Tokio
Nei in pear rondes springt Chantal fan it hynder ôf. It hynder giet by in krukje stean dêr't Rixt op stiet. Sa springt sy op it hynder. "De groom mei earst efkes losride, oars slagget it my net. Dat is te swier foar my. Mar op de proef sels moat ik flamje," seit Rixt wylst se in oefening op Finsley docht.
"Dat flamje sille we dwaan. We gean foar goud. It is letterlik de iennige priis dy't noch ûntbrekt op myn list. Foar de rest ha ik alles. We gean derfoar."

Wannear komt Rixt van der Horst yn aksje?