Nije wentuorren mei studinte-apparteminten op Kenniskampus yn Ljouwert

26 aug 2021 - 15:49

De earste peal foar de bou fan twa nije wentuorren yn Ljouwert wurdt tiisdei slein. Yn de gebouwen is plak foar hast trijehûndert studinte-apparteminten. It is de bedoeling dat de earste toer yn de simmer fan 2022 klear is. De oare folget in jier letter.

Foto: Kenniscampus Leeuwarden

De wentuorren komme op it terrein fan de Kenniskampus oan de Ubbo Emmiusleane. Dêr steane no al trije oare gebouwen dy't plak biede oan goed 300 studinten. De nije tuorren krije ûnder mear in balkon om de nije hierders sa mear romte te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)