116 nije besmettingen yn Fryslân, ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 116 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 31 minder as woansdei, doe't 147 nije besmettingen meld waarden.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 105 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 101, in wike lyn op 78.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert, mei 28 nije gefallen. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 21.
Yn fjouwer Fryske gemeenten binne gjin nije coronabesmettingen registrearre: Harns, Flylân, It Amelân, Skiermûntseach.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en der is ien persoan opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.651. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.498 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.