Bruinsma rekket titel kwyt, mar kin libje mei sulver: "Ik ha alles jûn"

26 aug 2021 - 15:03

Fiif jier lyn wûn Liesette Bruinsma noch paralympysk goud op de 400 meter frije slach, tongersdei moat se it mei sulver dwaan. Mar se is tefreden: "Ik bin bliid dat ik op it poadium stean, hiel lekker."

De sulveren medalje motivearret Bruinsma:

Bruinsma tikke nei 5.05,34 oan, tsien sekonden letter as de Amerikaanse Anastasia Pagonis, dy't in nij wrâldrekôr swom. Oan de finish hearde de bline Bruinsma dat se sulver wûn hie.

"Fan de tiid hie ik mear hope, mar ik ha alles jûn. Dus ik kin mei in grutsk gefoel op it poadium stean. It is myn sechsde paralympyske medalje, dêr bin ik bliid mei."

Liesette Bruinsma nei har sulveren race yn Tokio - Foto: Orange Pictures

Fiif jier lyn pakte de swimster út Wommels op de Spelen yn Rio de Janeiro fiif medaljes: twa kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns. Yn Tokio komt se de kommende dagen op nochris fjouwer ôfstannen yn aksje. Se wol op alle ôfstannen in medalje pakke.

Dat Pagonis tongersdei te sterk wie, fernuvere de 20-jierrige Bruinsma net. "It gat is hiel grut. Ik wist dat se in goede tsjinstanner wie, se hie alris hurder swommen as my."

Wannear komt Bruinsma wer yn aksje?

Freed 27 augustus - 50 meter frije slach
02.37 oere - Series
11.04 oere - Finale

Moandei 30 augustus - 200 meter wikselslach
03.16 oere - Series
11.02 oere - Finale

Woansdei 1 septimber - 100 meter skoalslach
02.41 oere - Series
11.09 oere - Finale

Freed 3 septimber - 100 meter frije slach
03.23 oere - Series
11.59 oere - Finale

(Advertinsje)
(Advertinsje)