Oanspielde man is de man dy't oerboard rekke fan cruiseskip op Noardsee

26 aug 2021 - 12:10

De deade man dy't tiisdei fûn is op it strân fan Skylge, is de man dy't ferline wike fermist waard nei't er oerboard rekke fan in cruiseskip. Dat hat de plysje bekend makke.

Helptsjinsten op it strân fan Skylge - Foto: ProNews

It giet om in man fan 81 jier út Dútslân. Noardwestlik fan Flylân wie er fan it cruiseskip MS Europa fallen. In sykaksje smiet neat op.

Tiisdei spielde in lichem oan op it strân fan Skylge. Nei ûndersyk is dúdlik wurden dat it om de fermiste man giet.

Der is gjin oanlieding om oan te nimmen dat de man omkaam is troch in misdriuw, seit de plysje.

Trefwurden: 
cruiseskip oerboard deade man
(Advertinsje)
(Advertinsje)