Metaalbedriuw Stertil yn Koatstertille wreidet út

Metaalbedriuw Stertil yn Koatstertille stekt sân en in heal miljoen euro yn de útwreiding fan it haadkantoar yn it doarp. It bedriuw hat yn maaie 25.000 kante meter grûn fan de gemeente kocht foar de útwreiding.
It gebou fan Stertil yn Koatstertille © Omrop Fryslân
Dêr komt ûnder oare in romte dêr't alle produkten fan it bedriuw steane, foar demonstraasje en foar trainingen fan ynstallateurs. Stertil wurket ynternasjonaal. It makket ûnder oare hefbrêgen foar ûnderhâld en reparaasje fan auto's en frachtauto's.