Boartersguodbank yn Bûtenpost slút ein dit jier de doarren

De boartersguodbank yn Bûtenpost slút ein dit jier de doarren. Neffens de minsken dêrachter komme der hieltyd minder minsken dy't ferlet hawwe fan it boartersguod.
© www.pexels.com
De boartersguodbank Op Stelten is bedoeld foar famyljes dy't op of ûnder de earmoedegrins libje. Omdat dy noch mar kwealik komme, hat de boartersguodbank gjin doel mear, sizze de oprjochters.
Oant en mei desimber kinne minsken der noch hinne. Fan septimber ôf kin der gjin guod mear ynbrocht wurde.