Simmerblog: Simmer op De Jouwer

26 aug 2021 - 17:45

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: sân wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Dit is de lêste wike! Hjoed binne we op De Jouwer.

17:45
Bewegende bylden

En dêrmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn de lêste kear dizze simmer, want dan slute we Simmer yn Fryslân 2021 ôf yn Nijhoarne én Aldhoarne. Oant dan!

17:21
Derút mei in knal

Aukje de Hoop slút de dei ôf op it terras fan Hotel Anne Klare, oan it wetter. It jier begûn heftich foar it hotel: yn de âldjiersnacht sprongen de ruten, nei't flakby in karbidkanon ôfsketten waard.

Mar no giet it hartstikke goed, seit eigener Ardi Anker. "De zon schijnt, de terrassen zitten vol. Gelukkig hebben we ook geen trauma overgehouden van die knal. Na 3,5 week zat al het glas er weer in en konden we weer aan de slag. Dan schrik je wel even, want van het hele proces word je wel moe. Dat schijnt heel normaal te zijn. En gelukkig ging het weer over."

It hiele ferhaal is no útiten, seit Anker. Lilk is er ek net. "Als die jongens hier een biertje komen drinken, zijn ze helemaal welkom."

Want ek moai is: de hoareka op 'e Jouwer rint goed. "Mensen komen hier graag, ook omdat het hier niet zo toeristisch is als bijvoorbeeld Langweer en Terherne. En de Jousters zijn enorme bourgondiërs."

Ardi Anker en Anne Klare - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

In tekoart oan persoaniel, lykas by in soad oare hoarekasaken, ha se by Anne Klare ek net. "Je moet gewoon betalen. Als je wat meer betaalt dan het minimumloon, dan is er geen enkel probleem om personeel te vinden. Kwaliteit moet je betalen."

Ardi Anker is optimistysk oer hoe't it jier gongen is

16:44
...en it wetter op!

We ha der moai waar by op 'e Jouwer en wat is der no moaier as even it wetter op? Michiel Huisman en Johan Jongsma binne de manlju achter Fietsplank.nl.

Ferslachjouwer Aukje de Hoop mocht sels ek even:

Michiel Huisman en Johan Jongsma fertelle oer harren bedriuw

16:33
De loft yn...

Kofje, klokken en ballonfeesten. By dy earste twa ha we earder hjoed west, mar ferslachjouwer Aukje de Hoop is no by ballonfarder Herman Kleinsmit. De jierlikse Ballonfeesten gongen foar it twadde jier op rige net troch. "Eigenlijk liggen alle evenementen wereldwijd stil", seit Kleinsmit. Hy hat in soad bysûndere ballonnen. "Dat trekt altijd publiek."

It wurk is skitterjend, seit er. Hoefaak oft Kleinsmit ek yn de loft is, it ferfeelt net. "Het is elke dag anders. Je kunt wel dezelfde windrichting hebben, maar de omstandigheden zijn telkens anders. Het weer is anders, de passagiers zijn anders, je landt bij een andere boer. Het is nooit hetzelfde."

Hoe wurde je ballonfarder? Kleinsmit leit it út

15:54
Aktiviteiten genôch!

Minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk, kinne op 'e Jouwer terjochte by feriening In de Vrijloop. De feriening is om de frije tiid troch te bringen. It sit yn in prachtich gebou, in âld pakhûs.

Sa'n 300 minsken binne lid, fertelt foarsitter Thomas de Jong. "Benammen wat âldere minsken binne lid, we dogge ús stjonkende bêst om ek wat jongere minsken te ynteressearjen. We dogge hjir fan aktiviteiten: biljert, yoga, blomskikke, hout snije. Wol twintich aktiviteiten. We ha der genôch romte foar."

Underdiel fan it gebou is ek in kringloopwinkel. Dat wurdt beheard troch ûnder oare Kaatje van der Zee. "We dogge it mei ús achten. We ha in hiel moai team, dat kin net better. Se ha sein dat ik mar it oansprekpunt wêze moast. Mar gjinien hjir is de baas, we dogge it mei-elkoar."

It gebou sit wat op 'e ein fan de dyk, dus om minsken attint te meitsjen, freget wat ynset. "Dêrom ha we de flagge mar út", seit Van der Zee. "We ha ek in kear in boerd op de dyk hân, mar dat mocht net fan de gemeente. We ha wol altyd aardich wat oanrin."

Thomas de Jong en Kaatje van der Zee

15:13
Ferslachjouwer Timo Jepkema wie even op 'e strún
15:10
Happy Stones fynst ek op 'e Jouwer
14:43
Tv-opnames mei kameraman Ronald Talma en presintator Timo Jepkema
Jûn op de byldbuis! - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
14:08
Plak fan de klokken

Op 'e Jouwer ha se twa klokmakkers. Dat wie yn de skiednis al sa en Jacob ten Hoeve is noch altyd ien fan de klokmakkers dêr. Echte Fryske klokken makket er net mear: "We reparearje se noch wol, as minsken ien ha dy't stikken is. Mar fierder ûntwerpe we foaral nije klokken."

"Der is gjin fraach mear nei de orizjinele Fryske klok. De jeugd fynt der net safolle oan, mar wol nijen. Mei glês, aluminium bygelyks. En kwa foarmjouwing passe se moai yn in modern ynterieur."

Ten Hoeve is yntusken 68 jier, mar hy wol noch wol even trochgean. "We ha it hjir geweldich, wêrom soenen we ophâlde? Salang't ik der net dea by del donderje, gean ik dermei troch."

Jacob ten Hoeve fertelt wêrom't er syn wurk sa moai fynt

13:15
Earste edysje festival giet net troch

It hie in feestlik wykein wurde moatten yn it park Herema State: dêr soe de earste edysje fan it festival Heremapark Live komme. Mar trochdat der by festivals net mear as 750 minsken wêze meie, kin it foar de organisaasje net út.

Rudolf Valkema fan Heremapark Live - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

"750 minsken is foar ús te min", seit Rudolf Valkema fan it bestjoer. "It kostet wol wat as je artysten as Jett Rebel en Miss Montreal hjirhinne helje. Wy ha 2500 minsken nedich om breakeven te draaien."

Spitich, want it park wie in moai plak foar in festival. "Foar my is dit it moaiste plak yn Fryslân om in muzykevenemint te hâlden. It natuerlike 'hellend vlak' foar it poadium. En dan jûns, mei in moaie beljochting derby, is it echt skitterjend."

It poadium yn it park, neffens Valkema it moaiste plak yn Fryslân foar in muzykevenemint - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

No takom jier mar. De organisaasje hie goed 2.000 kaarten ferkocht en de measte minsken hâlde har kaartsje om takom jier nei it park te kommen.

It wie wol even soer, seit Valkema

12:17
De flagge yn top
De flagge yn top op 'e toer - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
11:00
Puzels safier't je sjen kinne

De Jouwer hat ferskate museums. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie earder al by it kofjemuseum, no is Aukje de Hoop by in puzelmuseum!

Dat is fan Auke Reijenga. Syn museum leit fol mei bygelyks puzels, breinbrekkers en rubikskubussen. "Hiel moai spul, ek hiel âld spul. Fan 1890. Dat binne tangrampuzels. Dat is brekber, mar it sjocht der sa moai út. De fasinaasje begûn al troch beppe. Doe't we dêr kamen, fûn ik dat altyd moai."

Op in bepaald stuit waard Reijenga lid fan de kubusklup en hy begûn mei sammeljen. "Ik krige kontakten mei oare minsken en ik seach dat ik net de iennichste wie dy't it leuk fûn. Oeral dêr't ik kaam en puzels seach, naam ik it mei. Tassen fol. Uteinlik stie it hiele hûs fol."

Auke Reijenga oer al syn puzels

10:55
Foar de kofje net eamelje

Minsken bûten Fryslân kenne De Jouwer faak fan de kofje. Douwe Egberts is der begûn mei de kofje en it fabryk stiet dêr noch hieltyd. En dan heart er fansels ek in kofjemuseum te stean.

Frans Tolsma en Manus de Rooij - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Frans Tolsma fan it museum wit alles oer hoe't de kofje makke wurdt. It kofje sit yn syn bloed, hy hat fjirtich jier by Douwe Egberts wurke. "It is in natuerprodukt, dat is it moaie. It groeit oan de struken. En it moat alle dagen itselde smeitsje, dat is lestich. Hast in melange nedich fan ferskate soarten beannen, en dan ek noch it brânproses."

Dreech, mar moai

Dat brânproses kin op mear as ien manier. "Kinst begjinne mei in lege temperatuer en heech oprinne litte. Kinst ek heech begjinne en leech einigje. It brânen mei net te lang, mar ek net te koart duorje. Dat bepaalt de smaak fan de kofje. En de minsken wolle alle dagen itselde bakje kofje priuwe. Dat is it drege, mar ek it moaie."

Op De Jouwer stiet in grutte bak mei lytse, griene beantsjes. Tolsma: "Dy beantsjes komme hjir binnen, dan wurde se op smaak preaun. Dêrnei wurde se brând. As it lekker is, sizze we: dêr wolle we in partij fan ha. Dan komt dy partij nei Nederlân ta, dan wurdt it opnij preaun en bepale we foar watfoar melange we 'm brûke. Sa komme tsien soarten by elkoar, dat wurdt tagelyk brând en dan hast in pak kofje."

Kofje sit yn Frans Tolsma syn bloed

9:40
De Jouwer is in 'Vlecke'

De Jouwer is net in doarp en net in stêd: it is in Vlecke. "In vlecke wie in plak dat de potinsje hie om út te groeien ta in stêd. Dêr wienen fjouwer rjochten foar nedich en De Jouwer hie al trije fan de fjouwer. Inkeld dy fan stedswâl net en dêrom hat it gjin stedsrjochten krigen", leit Arjen de Ree út, hy is amateurhistoarikus.

Arjen de Ree - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It tolhûs is eins it begjin fan De Jouwer. By it tolhûs koenen minsken wat drinke en oernachtsje. "Westermar is eins it memmedoarp fan De Jouwer. It wie in krúspunt fan in farwetter en in dyk en der mocht tol heft wurdt. En as op in plak jild fertsjinne wurdt, wurdt it ek in plak dêr't minsken har fêstigje. Der kaam in timmerman, in meubelmakker en sa groeide it út ta in plak." En no is Westermar 'opslokt' en in wenwyk fan De Jouwer wurden.

Arjen de Ree fertelt oer de skiednis fan De Jouwer

9:11
Goeiemoarn!

It is alwer de sânde - en lêste - wike fan Simmer yn Fryslân! Omrop Fryslân docht sân wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we op De Jouwer!

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Juster wienen we yn De Falom. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)