Soad animo foar natuerbegraafplakken; Appelskea en Nijhoarne wreidzje út

It natuerbegraafplak yn 'e bosk by Appelskea bestiet noch mar trije jier, mar hat al 85 grêven ferkocht en driget nei ferrin fan tiid fol te reitsjen. Der is in oanfraach yntsjinne foar útwreiding mei mear grûn en sa'n 150 ekstra grêven. En ek yn Nijhoarne is útwreiding nedich.
Natuergrêf yn Appelskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Neffens bestjoerslid Jaap Bouma fan de Stichting Begraafplaatsen Appelskea sprekt út de belangstelling de leafde foar it Drents-Friese Wold. "Se komme hjir te fytsen of ha der miskien wol jierrenlang kampearre yn Appelskea. Dan tinke se 'dit is in moai plakje'. Se ha der altyd west en wolle der wol begroeven wurde."
Oan in natuergrêf sitte ferskate foardielen. "Je maakt eenmalig een bedrag over, voor de eeuwigdurende huur en je bent van alle lasten en kosten af", seit bestjoerslid Bert van Rijswijk. "De nabestaanden hoeven geen rekening te vrezen voor leges voor onderhoud. Dus het is heel aantrekkelijk."
Natuergrêf yn Appelskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena

Foar de ivichheid

De grêven binne foar de ivichheid. "Op in gewoan begraafplak is in grêf faak foar 20 of 30 jier. Dat is hjir net sa. Der komt noait wer ien oan it plak, dat fine minsken ek moai", follet Bouma oan.
De oanfraach foar mear grêven leit by it kolleezje fan Eaststellingwerf, dy moat nei it bestimmingsplan sjen. De gemeente hat oanjûn dat se deroan meiwurkje wolle.
Utwreidingslokaasje fan it natuerbegraafplak © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Jaap Bouma en Bert van Rijswijk

Ek útwreiding yn Nijhoarne

Yn Nijhoarne is ek in natuerbegraafplak. Dêr binne al mear as 1.100 fan de beskikbere 1.200 plakken ferkocht. Dêrom hawwe se, krekt as yn Appelskea, ek in oanfraach yntsjinne by de gemeente foar mear plakken. Se wolle fan 100 plakken de bunder nei 300 plakken de bunder. Dat betsjut 2.400 plakken ekstra.
Ab van Middelkoop fan it begraafplak yn Nijhoarne hie net tocht dat der safolle belangstelling foar wêze soe doe't er acht jier lyn begûn. "Mensen hebben steeds meer met natuur, willen graag wandelen en de natuurbegraafplaats past daar prima bij. Het is een nieuwe trend, het is minder strak en veel vrijer. Bovendien hebben de nabestaanden geen zorgen zoals het verlengen van grafrecht en er is geen onderhoud, je hebt geen last van omvallende zerken."

Rom fan opset

By de opset hienen se harsels in maksimum steld fan it tal grêven. "Dat hebben we beperkt gehouden tot 100 graven per hectare, dus elke honderd vierkante meter één graf. Dat is heel ruim. We dachten dat we daarmee lang vooruit te kunnen. Elders in Nederland zitten ze een factor vier, vijf hoger qua dichtheid van graven. We willen naar 300 graven per hectare. De bezetting blijft nog laag en de natuur kan zijn gang nog gaan. Op een gewone begraafplaats zit er hooguit dertig centimeter tussen een graf."
Ab van Middelkoop