"Ekstraatsje foar learkrêften achterstânskoallen is krankjoarem"

26 aug 2021 - 06:15

It ekstraatsje foar learkrêften fan skoallen dy't in protte achterstannen hawwe, is in min idee. Dat seit ynterim-direkteur Joop Hakze fan De Twine út Dokkum. "Dat is wer sa'n krankjoareme aksje dy't net in fyzje of achtergrûn hat."

De skoalle foar spesjaal ûnderwiis De Twine is ien fan de 25 Fryske skoallen dy't yn oanmerking komt foar de talage. "Ik tink dat Slob tinkt: 'dan ha ik wer wat dien', mar dit smyt hielendal neat op", seit Hakze.

Problemen feroarsake troch oplossingen

Neffens Hakze is hjir sprake fan in oplossing dy't nei in skoftsje wer liedt ta problemen. "De minsken krije wat ekstra's, 150 euro de moanne. Dat is hartstikke moai yn it begjin, mar nei ferrin fan tiid ferdwynt it jild yn de húshâldpot. En oer twa jier hâldt it ynienen op en sizze se: 'hee, ik fertsjinje folle minder' en dan hawwe de minsken der nochris lêst fan."

Boppedat fynt Hakze it net earlik dat allinnich de learkrêften fan skoallen mei efterstannen de talage krije. "Se wurkje allegear hurd en no krijt in part fan dy hurdwurkjende minsken wat en in oar diel net."

Der sitte allegear gelearden achter in buro dy't hieltyd wer in oar beheininkje fine en in piltsje derby betinke.

Neffens Hakze moat it ûnderwiissysteem op 'e kop

"Ik tink dat we it hiele ûnderwiissysteem tsjin it ljocht hâlde moatte", giet Hakze fierder. "It systeem fan no docht gjin rjocht oan bern en gjin rjocht oan minsken. We sjogge oft alle bern in stimpeltsje krije kinne. Der sitte allegear gelearden achter in buro dy't hieltyd wer in oar beheininkje fine en in piltsje derby betinke. Ik tink dat bern dêr allinnich mar in minder selsbyld fan krije."

Wat kin in bern wol?

Hakze fynt dat we útgean moatte fan wat in bern wol kin. "Elk bern hat in unike reden fan bestean. As we dêr nei op syk gean en we helpe bern om dat te ûntwikkeljen, dan kin it sa wêze dat bern folle lokkiger en riker wurde en dat it minder drok wurdt by de GGZ."

Joop Hakze

(Advertinsje)
(Advertinsje)