FIDEO: Fryske Stones-leafhawwers skrokken fan dea Charlie Watts
Charlie Watts, de drummer fan de Rolling Stones is op 80-jierrige leeftiid ferstoarn. Fryske leafhawwers fan de band binne ferslein no't Watts der net mear is. Johan Jellema fan Ljouwert hat ien fan de drumstellen fan Watts. Hy woe it drumstel graach weromjaan, mar dêr is it nea fan kommen.