Waarstasjons op bedriuweterreinen moatte ynsjoch jaan yn klimaatferoaring

Op fiif bedriuweterreinen yn Noard-Nederlân wurdt de kommende twa jier metten wat klimaatferoaring docht. Troch in oerskot oan beton op yndustryterreinen kin it wetter net goed fuort en wurdt it hyt as de temperatuer oprint. It giet om in ûndersyksprojekt fan hegeskoalle Van Hall Larenstein en de Hanzehogeschool yn Grins.
Sjoch hjir nei de reportaazje
Der wurdt gebrûk makke fan waarstasjons. Dy stean op It Hearrenfean, Boalsert, Ljouwert, Grins en Assen. Op it Ecomunitypark yn Easterwâlde stiet ek in mjitstasjon. Dat terrein is folslein grien ynrjochte en wurdt no brûkt as referinsjepunt.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It projekt is opset yn oparbeidzjen mei de gemeenten. "We meten de temperatuur, de hoeveelheden regen en de luchtvochtigheid. Dat moet genoeg data geven om te zien wat klimaatverandering hier doet", seit ûndersiker Jesse Wagenaar.
Njonken it waarstasjon hat hy ek ynsektefallen pleatst: "Dat hoort er eigenlijk wel bij. We willen ook inzicht krijgen in de biodoversiteit. Dus is er verschil met wat hier rondloopt en wat elders."
We hopen dat ze in gaan zetten op vergroening. Dat is veel beter voor iedereen.
Projektlieder Peter van der Maas wol gemeenten en bedriuwen oars tinke litte
Dat it op bedriuweterreinen waarmer wurdt is net nij. Ut de klimaatatlas fan Fryslân docht al wol bliken dat de temperatuer dêr heger leit. Wagenaar: "Het is hier een versteende omgeving. Warmte kan dan moeilijk weg. Maar ook water bijvoorbeeld. Hier waar wij nu staan, industrieterrein De Hemrik in Leeuwarden bijvoorbeeld. Hier was laatst wateroverlast. Dat wordt minder als er meer groen is."

Hoopje op mear grien

Projektlieder Peter van der Maas fan Van Hall Larenstein hopet dan ek dat it ûndersyk gemeenten en ûndernimmers oanset ta omtinken: "Dat ze gaan inzetten op letterlijke vergroening van dit soort gebieden. Daar hopen wij echt op. Dat is veel beter voor iedereen."
It projekt rint foarearst twa jier. Van der Maas: "Dan hopen wij toch redelijk inzicht te hebben in wat er speelt en hoe groot de verschillen zijn tussen industriegebieden en woonwijken met veel groen."