Druk stie derop by keninginne Scheepstra: "We weten dat we de besten zijn"

25 aug 2021 - 18:04

"Wat een dag, wat hebben we goed gekaatst." Manon Scheepstra wint foar de sânde kear de PC en se is der tige wiis mei. "We hebben zo goed gekaatst, het was echt prachtig."

Der stie in soad druk op, fynt Scheepstra:

Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra wienen oppermachtich yn Weidum. Yn trije partijen stienen se yn totaal trije buordsjes ôf. Yn de finale tsjin Tineke Dijkstra (5-2 6-4) sloegen Scheepstra en Zeinstra de iene nei de oare bal boppe.

It is foar Scheepstra, dy't útroppen waard ta keninginne, dus har sânde PC-winst. "Ze zijn allemaal mooi. De eerste keer was echt 'wow'. Nu staat er veel meer druk op, want we weten dat we de allerbesten zijn. Het is prachtig om dan te winnen. Heel bijzonder."

Er wordt van ons verwacht dat we winnen. Dat het ook lukt is top.

Manon Scheepstra

"We waren favoriet en we wisten dat de ogen op ons stonden", seit Scheepstra. "Er wordt van ons verwacht dat we winnen. Dat het ook lukt is top."

Scheepstra is o sa wiis mei har partoer. "We zijn zó'n team, zó'n mooi partuur. Niet normaal. Marrit haalde op een gegeven moment geweldig een bal van de boven, dan staan we met z'n allen te juichen."

De 'rêding' fan Marrit Zeinstra dêr't Scheepstra op doelt:

Dyselde Marrit Zeinstra hie nei de finale in oar gefoel as ferline jier. "Dat wie de earste kear en doe wie de heale finale sa spannend. Dêrom wie de ûntlading doe wat grutter. No gongen we der frij maklik troch hinne. goed keatst en winst."

"Op nei mear", wat Zeinstra oanbelanget:

De ûntlading wie minder, mar dochs: "Ik bin altyd bliid om de PC de winnen. Dit wie de twadde kear, op nei mear."

Sijbrandij-en-dy wienen de hiele dei oppermachtich. Zeinstra: "Dat ha we ek sein tsjin elkoar: no mercy. Gjin genade ha. We moatte net tinke dat we twa maklike potsjes hân ha. Je wolle graach dik winne. As je sa keatse, dan slagget dat ek."

Grutske Siegersma slút ôf mei finaleplak

Dêr't lake wurdt, wurdt fansels ek gûld. Harmke Siegersma sleat har lêste PC ôf mei ferlies yn de finale. Dochs is se benammen grutsk: "We ha sa goed keatst. We ha net in soad flaters wêze, mar we koenen der yn de finale krekt net tsjin op."

Siegersma is wiis oer hoe't har lêste PC gong:

"Elk buordsje pakke sy twa punten mear as ús, foar my gefoel. We rûnen wat achter de feiten oan. Sy binne gewoan better, krekt in lyts bytsje."

"Der is mear"

En hoe moai it woansdei ek wie, Siegersma bliuwt by har beslút om op te hâlden. "It is klear sa. Ik doch it al sa lang en der is mear yn de simmer. It lichem wurdt ek minder. Sokke partijen as hjoed ha we net alle wiken."

Net allinnich Siegersma hâldt op by de ferliezend finalisten, itselde jildt foar Tineke Dijkstra. Louise Krol bliuwt oer. Sy keatst takom jier yn in partoer mei Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia, want sy reitsje Margriet Bakker kwyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)