Ynspeksjerapporten Tjalling Koopmans College meie publisearre wurde

25 aug 2021 - 17:59

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp hat net gelyk krigen fan de rjochtbank yn Den Haag. De skoalle voor Persoonlijk Onderwijs (SvPO) wie it net iens mei de ynhâld fan de ynspeksjerapporten en besocht foar te kommen dat se publisearre wurde soene. Dat fersyk is troch de rjochter ôfwiisd.

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart

Yn de rapporten stiet in soad krityk op it finansjele hanneljen fan it bestjoer. Ien fan de punten is bygelyks dat de frijwillige bydrage fan âlden, dy't foar taalreizen bedoeld is 'niet in de schoolexploitatie is verantwoord'.

Ek is der in kritysk oardiel oer de kwaliteit fan it ûnderwiis. Neffens it SvPO soe de ynhâld fan de rapporten ûnrjochtmjittich wêze, mar de rjochter hat oardiele dat dat net sa is. "De slotsom is dat noch de wijze van tostandkoming, noch de inhoud van de rapporten voorshand onrechtmatig worden geacht."

Net de earste kear

It is de tredde kear yn koarte tiid dat it bestjoer fan de skoalle troch in rjochter op de fingers tikke is.

De earste saak wie foar de rjochtbank yn Amsterdam. Dêr besocht de direksje publikaasje fan sechstjin rapporten fan de ûnderwiisynspeksje, twa foar eltse lokaasje fan de Stichting voor Persoonlijk Onderwijs, tsjin te hâlden.

Ien fan de arguminten doe wie dat de ynhâld noch oanfochten wurdt en der gjin sprake wêze koe fan publikaasje. De rjochter tocht dêr oars oer en de rapporten oer de acht ferskate festigings binne koartlyn publisearre.

Krityske dosint krijt dien

De twadde saak wie foar de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr easke dosint Bert Mul dat hy it skoaljier ôfmeitsje mocht. Hy krige dien nei't hy him by Omrop Fryslân kritysk útlitten hie oer it grutte ferrin ûnder dosinten by de fêstiging yn Hurdegaryp. Mul mocht fan de rjochter it skoaljier ôfmeitsje op it Tjalling Koopmans College.

(Advertinsje)
(Advertinsje)