Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra oppermachtich

25 aug 2021 - 16:42

Foar it twadde jier op rige ha Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra de Frouljus PC wûn. Yn Weidum wienen se de hiele dei oppermachtich.

Sa einige de finale:

Yn de finale wûnen de titelferdigeners mei 5-2 en 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma. Dijkstra-en-dy pakten it earste buordsje, mar dêrnei rûn Sijbrandij út nei 4-1. Benammen Manon Scheepstra sloech de iene nei de oare bal boppe. Dijkstra kaam noch werom oant 4-2, mar spannend waard it net mear. Op 5-2 en 6-4 helle de opslach fan Tineke Dijkstra it perk net.

Nienke Sijbrandij - Foto: Dijks Fotografie

Foar de finale hienen Sijbrandij-en-dy mar ien buordsje tastien. Dat wie yn de twadde omloop tsjin Inge Jansma, Larissa Smink en Anouk Smink (5-1 6-4). Dêrfoar hienen de favoriten al mei 5-0 6-0 ôfrekkene mei Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum. Yn de heale finale hienen Sijbrandij-en-dy in steand nûmer.

Manon Scheepstra hat de wichtichste wedstriid fan it jier no sân kear wûn. Foar Sijbrandij en Zeinstra is it nei de winst fan ferline jier de twadde PC-titel.

Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra oppermachtich

(Advertinsje)
(Advertinsje)