Liesette Bruinsma giet foar fiif medaljes: "Mar rest fan de wrâld sit net stil"

25 aug 2021 - 16:30

Swimster Liesette Bruinsma fan Wommels wie op har sechstjinde mei fiif medaljes de meast suksesfolle paralympiër fan de Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro. No, fiif jier letter, is der in soad feroare, mar it doel is noch hieltyd itselde: fiif medaljes.

Liesette Bruinsma sjocht foarút op de Paralympyske Spelen:

"Sawol by it swimmen as dêr bûten is der in hiel soad feroare sûnt de foarige Paralympyske Spelen", seit de yntusken 20-jierrige swimster.

"Ik bin ferhuze, ik ha myn diploma helle en ik ha no in freon. Yn it swimmen sels ha ik hiele grutte stappen makke. Ik bin fulltime oan it trainen yn Amersfoort en ik hoech minder te reizgjen om't ik hjir no wenje. En ik ha gjin skoalle mear, dus ik ha ek mear tiid om te trainen."

Unwissens

De omstannichheden foar Bruinsma binne de lêste jierren dus profesjoneler wurden. Dat is ek te sjen oan har tiden. "Op de 400 meter frij gean ik no trettjin sekonden flugger as op de Spelen fan 2016", seit de para-swimster.

Dochs wol dat neffens har net sizze dat se yn Tokio samar wer fiif medaljes ophellet. "Ik bin net de iennige dy't har ferbetteret. De rest fan de wrâld sit ek net stil", wit Bruinsma.

Dêrby komt dat Bruinsma al in hiel skoft net tsjin alle konkurrinsje mear swommen hat. Yn septimber 2019 stie foar it lêst de folsleine wrâldtop oan de start fan in wedstriid.

Foto: Orange Pictures

Bruinsma ken dus miskien net iens al har konkurrinsje. "Der is sowieso in Amerikaanske dy't der yn 2019 noch net by wie. Dy hat no myn wrâldrekôr op de 400 meter frij swommen", seit se.

Genietsje

De Friezinne hie op de Spelen fan Rio in geheim wapen. "Ik wit dat ik yn Rio fan alles oan it genietsjen wie. Ek al moast ik wachtsje op de bus, dan tocht ik ik stean hjir op de Spelen. Hoe fet is dat. Ik hoopje dat ik dat wer ha. Om't it wol in krêft is om hurd te swimmen. As je it nei je sin hawwe, dan sette je ek goede resultaten del", seit Bruinsma.

Dat moat dan liede ta fiif medaljes. Mar op hokker hat se de grutste kâns op goud? "Ik gean foar alle fiif", seit se fol oertsjûging. "Mar ast echt in antwurd wolst, dan ha ik op de 100 meter frij de grutste kâns."

Wannear komt Bruinsma yn aksje?

Tongersdei 26 augustus - 400 meter frije slach
03.11 oere - Series
11.11 oere - Finale

Freed 27 augustus - 50 meter frije slach
02.37 oere - Series
11.04 oere - Finale

Moandei 30 augustus - 200 meter wikselslach
03.16 oere - Series
11.02 oere - Finale

Woansdei 1 septimber - 100 meter skoalslach
02.41 oere - Series
11.09 oere - Finale

Freed 3 septimber - 100 meter frije slach
03.23 oere - Series
11.59 oere - Finale

(Advertinsje)
(Advertinsje)