RIVM meldt 147 nije coronabesmettingen yn Fryslân

25 aug 2021 - 15:34

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 147 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 64 mear as tiisdei, doe't 83 nije besmettingen meld waarden.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 101 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 93, in wike lyn op 79.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân, mei beide 22 nije gefallen.

Yn trije Fryske gemeenten binne gjin nije coronabesmettingen registrearre: Harns, Skylge en Skiermûntseach.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en der is ien persoan opnaam yn it sikehûs.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.863. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.480 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)