Tristan Bangma wiis mei goud: "Echt een droom die uitkomt"

25 aug 2021 - 13:26

Tristan Bangma hat tegearre mei syn ko-piloat Patrick Bos goud wûn op de 4 kilometer efterfolging. Hy pakt dêrmei de earste gouden medalje foar Nederlân en ek it earste goud foar in Fries yn Tokio.

Tristan Bangma (links) en Patrick Bos - Foto: ANP

Bangma is wiis mei de gouden medalje dy't er woansdei yn Tokio wûn hat op de 4 kilometer efterfolging. "Echt fantastisch. Alles viel vandaag op z'n plek, echt een droom die uitkomt. Ik heb er nog steeds niet echt woorden voor."

Kwalifikaasje ek sublym

Earder woansdei ried er by de kwalifikaasje ek al in nij wrâldrekôr fan 3.59,470, de earste para-atleet ûnder de 4 minuten. "We reden een fantastische tijd, voor het eerst onder de vier minuten, echt uniek."

Dat betsjutte neffens Bangma noch net dat se al wis wiene fan goud. "Daarna moet je de focus bewaren en zorgen dat je in de finale ook je ding doet. Het was zeker geen één-tweetje, we weten, de Britten werden in Rio kampioen, dus dat zij ook heel goed zijn. Het kon echt alle kanten op, maar we zaten er goed in, fantastisch dat we die gouden medaille hebben gewonnen."

Bangma seit dat hy en syn ko-piloat Patrick Bos al gau trochhiene dat se wat bysûnders berikt hiene: "We hoeven niet heel veel te zeggen. Ik denk dat we allebei heel goed weten wat we hebben gedaan. Samen met onze trainer Jenning Huizinga, ook een Fries, hebben we hier hard naartoe gewerkt. Vandaag vielen alle puzzelstukjes op de goede plek. Heel mooi om met z'n allen hier mee te maken."

Medaljeseremoanje

Hy hat genoaten fan de medaljeseremoanje. "Prachtig, dan komen de emoties. Dan besef je als het volkslied klinkt, wat we hebben gedaan vandaag, een heel waardevol moment."

Bangma krige in protte felisitaasjes, ûnder mear fan it Keninklik Hûs.

De atleet sjocht ek alwer foarút nei nije wike: "Volgende week dinsdag rijden we de tijdrit op de weg en volgende vrijdag de wegwedstrijd. We weten dat de vorm goed is. We gaan vooral eerst hier even van genieten. Daarna de knop wel weer om, maar dat gaat helemaal goed komen."

Tristan Bangma reagearret op gouden plak

(Advertinsje)
(Advertinsje)