Partij voor de Dieren biedt petysje oan tsjin it ôfsjitten fan damherten

25 aug 2021 - 18:08

De Partij voor de Dieren fynt dat deimen (damherten) thúshearre yn de bosken by Ketlik, Mildaam en Oranjewâld. Se meie net ôfsketten wurde. Dêrom ha se woansdei in petysje oanbean oan kommissaris Brok. Dy petysje is sa'n 1.300 kear ûndertekene.

Sjoch hjir nei de reportaazje:

Sa'n tweintich demonstranten rûnen yn stille optocht nei it provinsjehûs as protest tsjin it foarnimmen fan Deputearre Steaten om sa'n 150 damherten ôf te sjitten. Dan bliuwe der sa'n tachtich bisten oer. "Dat is voor ons geen optie", seit Steatelid Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren. "Je moet als mens en dier samenleven en niet naar het geweer grijpen. Bovendien mag het niet zomaar. Het zijn beschermde dieren."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De provinsje Fryslân wol de bisten sjitte ûnder oare fanwegen de ferkearsfeilichheid. In te grutte populaasje fan damherten soe gefaarlike situaasjes opsmite kinne, bygelyks op de N380 tusken Aldskoat en Donkerbroek.

Neffens Brouwer binne der oare oplossingen te betinken. "Je kunt bijvoorbeeld denken aan het verlagen van de snelheid, snelheidsremmende maatregelen of wildspiegels die in Overijssel ook worden gebruikt worden en heel goed werken."

Mocht de provinsje dochs beslute om jagers opdracht te jaan se ôf te sjitten, dan folget de stap nei de rjochter.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Hein van der Vliet wennet yn it gebiet fan de damherten. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers foar de petysje dy't hy persoanlik oan kommissaris Brok oanbean hat. Van der Vliet sjocht de herten geregeld en genietet derfan, seit hy. "En net allinne ik. In soad toeristen komme hjir om de damherten te sjen."

Hy neamt it ferskriklik as jagers mooglik tastimming krije om te sjitten. "Dan giet it hjir mâl. Dan fleane se yn panyk alle kanten op en soargje se foar folle gefaarlikere situaasjes as dêr't de provinsje no benaud foar is."

Steatelid Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren en Hein van der Vliet

Trefwurden: 
petysje deim damhert
(Advertinsje)
(Advertinsje)