Liveblog | 25 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn De Falom

It is de lêste wike fan Simmer yn Fryslân! Noch in pear dagen kommen we del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 27 augustus 2021, 10:39
woansdei 25 augustus 2021
17:56

Oant moarn!

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn binne we der wer, dan binne we op De Jouwer. Oant dan!
17:55

Ein fan dit simmerblog

17:27

Andries Peterson skreau in boek oer De Falom

Andries Peterson hat in boek skreaun oer de Falom. "Ik ha in boek skreaun oer de Falom om't ik op in bepaald stuit tocht: 'ik bin hast 75 jier, ik ha ek bern en dy witte totaal net hoe't ik eartiids opgroeid bin', en doe tocht ik 'se moatte dochs witte dat der in tiid west hat dat der gjin sosjale media wie'."
Andries Peterson mei it boek © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hy krige doe in dokumint fan de Aldheidskeamer yn hannen "út de tiid dat alle minsken hjir in nij adres krigen". Dat dokumint hat er brûkt foar syn boek: "Doe ha ik alle minsken beskreaun dy't dêr yn foarkamen. Ungefear 95 adressen en dat is dan de tiid fan de fyftiger en sechstiger jierren fan de foarige iuw." De Falom is net in grut doarp, mar de fraach nei it boek oer it doarp is grut: "Binnen no-time wie alles fuort. Ik hie hûndert besteld, mar der binne 250 fuortgien. En der wurdt út en troch noch nei it boek frege."
Andries Peterson oer syn boek oer de Falom
16:36

De boarterstún foar elkenien

Yn De Falom hiene se earder gjin boarterstún. Rienk Rozema rûn fiif jier lyn in dwerslesy op, en hat him doe ynset foar de komst fan in boarterstún, en net samar in boarterstún, fertelt er: "Der is in klimrek makke, mei stangen op presys de goeie hichte, dat ik ek myn pull-ups dwaan kin en hjir sporte kin." Hy is hiel wiis mei de tún. "Hartstikke moai, it giet der om dat elkenien meidwaan kin, mei of sûnder beheining. Mar ik fyn it foaral ek moai fan de bern hjir yn it doarp."
Alie Prins hat ek meiholpen om de tún der te krijen, it docht har goed om te hearren dat Rienk der wiis mei is. "Prachtich, dêr ha wy it foar dien. En it is net allinnich foar Rienk, elk doarp hat in boarterstún, mar dy hiene wy noch net." Troch ûnder oare Rozema hat de Falom no in wol in boarterstún: "Yn 2017, nei Rienk syn suggestje om te besykjen jild by inoar te krijen en dat te realisearjen, en dat is slagge."
Rienk Rozema fertelt oer de bysûndere boarterstún yn de Falom
15:32

Slangen spotte yn de Falom

Jakob Hanenburg © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Boskwachter Jakob Hanenburg lit ús de bulten sjen dy't spesjaal makke binne foar de ringslangen. "Sa'n bultsje bestiet út feanmoas, gers, takken, houtsnippers en wy ha der ek noch wat hynderkeutels yn smiten. Alles om te soargjen dat it moai broeit en op goeie temperatuer is foar de ringslangaaien om út te kommen."
Ringslangen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Kapitein Alie Prins hat de manlju nei it plakje ta brocht, en is no sels ek wol nijsgjirrich: "Ik kin net wachtsje, jong. Ik soe sizze: 'gaan met die banaan!'" Yn de earste bult leit gjin slang, mar by de twadde bult is it raak: "Sjoch, twa slangen!", ropt Hanenburg: "Fantastysk!"
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht ringslangen
14:39

Op it wetter mei boskwachter Jakob Hanenburg

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort en boskwachter Jakob Hanenburg © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort