OERSJOCH: Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra prolongearje PC-winst

25 aug 2021 - 17:46
  • De 45e Frouljus PC yn Weidum is wûn troch Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra;
  • Yn de finale wûnen de titelferdigeners mei 5-2 en 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma;
  • Manon Scheepstra wûn de PC foar de sânde kear en waard nei ôfrin útroppen ta keninginne;
  • Yn dit liveblog die Omrop Fryslân de hiele dei ferslach fan de wedstriid.
17:31
Tank foar it folgjen

Oant safier ús liveblog oer de 45e Frouljus PC. Hâld ús webside yn de gaten foar mear reaksjes. Tank foar it folgjen!

17:14
Manon Scheepstra is keninginne
Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra - Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries
16:57
Zeinstra: "Op nei mear"

De blydskip wie der ek by Marrit Zeinstra: "It wie wol wat oars as ferline jier. Dat wie de earste kear en doe wie de heale finale sa spannend. Dêrom wie de ûntlading doe wat grutter. No gongen we der frij maklik troch hinne. goed keatst en winst."

De ûntlading wie minder, mar dochs: "Ik bin altyd bliid om de PC te winnen. Dit wie de twadde kear, op nei mear."

16:45
"Wat een dag"

Manon Scheepstra: "Wat een dag, wat hebben we goed gekaatst! We hebben zo goed gekaatst, prachtig. De druk staat erop. Dat het dan ook lukt, dat is top."

16:43
SIJBRANDIJ WINT

It is klear! Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra winne foar it twadde jier op rige de PC! Se winne mei 5-2 en 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma.

16:36
Noch ien buordsje

It partoer fan Nienke Sijbrandij hat noch mar ien earst nedich. Op 4-2 6-2 slacht Marrit Zeinstra de bal boppe.

16:26
Spul foar Dijkstra

Tineke Dijkstra docht wat werom! Tineke Dijkstra bringt de bal op 4-1 6-6 foaryn it perk, in bal dy't Manon Scheepstra hjoed al hiel faak boppe slein hat. Dat slagget har no net, en dus is it 4-2.

16:23
Foarsprong wurdt grutter

It ferskil wurdt grutter. Marrit Zeinstra bringt in opslach fan Tineke Dijkstra goed werom en Harmke Siegersma kin der neat mear mei. It is 4-1 foar Nienke Sijbrandij.

16:17
3-1 Sijbrandij

Tineke Dijkstra begûn goed oan de finale, mar it is no 3-1 foar Nienke Sijbrandij. Op 6-0 slacht se in sitbal.

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)