Liveblog
|
25 augustus 2021
OERSJOCH: Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra prolongearje PC-winst
Yn de finale wûnen se mei 5-2 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma.
Lêst bywurke: 26 augustus 2021, 09:39
woansdei 25 augustus 2021
17:31
Tank foar it folgjen
Oant safier ús liveblog oer de 45e Frouljus PC. Hâld ús webside yn de gaten foar mear reaksjes. Tank foar it folgjen!
17:14
Manon Scheepstra is keninginne
17:09
It folsleine ynterview mei Marrit Zeinstra
16:57
Zeinstra: "Op nei mear"
De blydskip wie der ek by Marrit Zeinstra: "It wie wol wat oars as ferline jier. Dat wie de earste kear en doe wie de heale finale sa spannend. Dêrom wie de ûntlading doe wat grutter. No gongen we der frij maklik troch hinne. goed keatst en winst."
De ûntlading wie minder, mar dochs: "Ik bin altyd bliid om de PC te winnen. Dit wie de twadde kear, op nei mear."
16:45
"Wat een dag"
Manon Scheepstra: "Wat een dag, wat hebben we goed gekaatst! We hebben zo goed gekaatst, prachtig. De druk staat erop. Dat het dan ook lukt, dat is top."
16:43
SIJBRANDIJ WINT
It is klear! Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra winne foar it twadde jier op rige de PC! Se winne mei 5-2 en 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma.
16:36
Noch ien buordsje
It partoer fan Nienke Sijbrandij hat noch mar ien earst nedich. Op 4-2 6-2 slacht Marrit Zeinstra de bal boppe.
16:26
Spul foar Dijkstra
Tineke Dijkstra docht wat werom! Tineke Dijkstra bringt de bal op 4-1 6-6 foaryn it perk, in bal dy't Manon Scheepstra hjoed al hiel faak boppe slein hat. Dat slagget har no net, en dus is it 4-2.
16:23
Foarsprong wurdt grutter
It ferskil wurdt grutter. Marrit Zeinstra bringt in opslach fan Tineke Dijkstra goed werom en Harmke Siegersma kin der neat mear mei. It is 4-1 foar Nienke Sijbrandij.
16:17
3-1 Sijbrandij
Tineke Dijkstra begûn goed oan de finale, mar it is no 3-1 foar Nienke Sijbrandij. Op 6-0 slacht se in sitbal.
16:15
Net mear op Scheepstra
It partoer fan Tineke Dijkstra siket no Marrit Zeinstra by de opslach, omdat Scheepstra alles boppe slacht. Mar Zeinstra rekket se ek goed.
16:11
Sijbrandij op foarsprong
Op 6-6 yn it tredde earst slacht Manon Scheepstra har tredde boppeslach yn dit earst. Sijbrandij op 2-1.
16:06
Buordsje Sijbrandij
It partoer fan Nienke Sijbrandij komt op 1-1. Manon Scheepstra slacht in boppeslach op de opslach fan Tineke Dijkstra.
16:00
1-0 Tineke Dijkstra
Op 6-6 yn it earste earst krijt Nienke Sijbrandij in boppeslach fan Louise Krol om de earen. It partoer fan Tineke Dijkstra pakt it earste buordsje: 1-0.
15:51
Eardere winners
Fjouwer fan de seis finalisten ha de PC earder wûn: Manon Scheepstra al seis kear sels. Har maten Nienke Sijbrandij en Marrit Zeinstra elk ien kear, dat wie ferline jier.
By it partoer fan Tineke Dijkstra wit allinnich Louise Krol hoe't it is om de PC te winnen. Sy pakte 'm yn 2017.
15:47
Op it punt fan begjinnen
15:37
Sa pleatsten Dijkstra-en-dy har foar de finale
15:32
De finalisten
We wachtsje op de finale fan de Frouljus PC. Foar de dúdlikheid noch mar ris de nammen:
Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma tsjin Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
15:15
Tineke Dijkstra nei finale
It is dien! Harmke Siegersma slacht op 5-3 6-6 in boppeslach op de opslach fan Ilse Tuinenga. Dêrmei geane Siegersma, Tineke Dijkstra en Louise Krol nei de finale. Dêryn treffe se it partoer fan Nienke Sijbrandij.
Der is applaus foar Margriet Bakker, sy keatste hjoed har lêste PC.
15:05
5-3 Tineke Dijkstra
Tineke Dijkstra makket it ferskil wer grutter. Hast ferspilen se in foarsprong fan 6-0 yn it earst, mar op 6-6 pakke se it buordsje en dêrmei is de stân no 5-3. Ilse Tuinenga moat oan de bak.
15:04
Reaksje earste finalisten
15:02
Krúsjale sitbal Tuinenga
Mei in efterstân fan 2-4 6-6 slacht Ilse Tuinenga in sitbal. Se bringt har partoer werom yn de heale finale.
14:56
Spul foarsprong foar Dijkstra
It ferskil by Ilse Tuinenga tsjin Tineke Dijkstra is wer in spul. Mei in boppeslach fan Louise Krol komme Dijkstra-en-dy op 4-2.
14:52
De winnende slach by Sijbrandij - Jansma
14:49
Spanning yn heale finale
It partoer fan Tineke Dijkstra stie mei 3-1 foar yn de heale finale, mar Ilse Tuinenga docht wat werom. Margriet Bakker keart de bal foar de keats en dus is it no 3-2.
14:36
Sijbrandij nei finale
Titelferdigeners Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra binne troch nei de finale. Se winne mei 5-1 6-4 fan Inge Jansma, Larissa Smink en Anouk Smink. Scheepstra makket dien wurk mei in boppeslach.
By de heale finale tusken Ilse Tuinenga en Tineke Dijkstra stiet it 1-2.
14:30
Noch ien buordsje
It giet rap. It partoer fan Nienke Sijbrandij stiet op 5-1 en stiet op de râne fan de finale.
14:23
Sijbrandij rint út
Hiel even koe it partoer fan Inge Jansma by bliuwe, mar yntusken stiet Nienke Sijbrandij op in foarsprong fan 4-1. Manon Scheepstra keart de bal foar de keats.
14:14
2-1 Sijbrandij
Mei in boppeslach fan Marrit Zeinstra komt it partoer fan Nienke Sijbrandij op 2-1 tsjin Jansma-en-dy.
14:05
Live op telefyzje
We binne yntusken live op telefyzje. Sjoch mei!
14:01
Twadde list
Twa partijen op de twadde list binne ferkeatst. No noch Inge Jansma tsjin Nienke Sijbrandij. De winner fan dy partij pleatst 'm direkt foar de finale.
Twadde list
Ilse Tuinenga Margriet Bakker Sjanet Wijnia | 5-1 6-2 | Jildou Sweering Andrea Kroes Marije Hellinga |
Anna-Brecht Bruinsma Anne Monfils Jennie Terpstra | 1-5 2-6 | Tineke Dijkstra Louise Krol Harmke Siegersma |
Inge Jansma Larissa Smink Anouk Smink | Nienke Sijbrandij Manon Scheepstra Marrit Zeinstra |
13:58
Heale finale: Tuinenga - Dijkstra
De heale finale is bekend: nei it partoer fan Ilse Tuinenga winne ek Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma ienfâldich yn de twadde omloop. It wurdt 5-1 en 6-2 tsjin Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.
13:52
Tuinenga troch
Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia steane yn de heale finale. Sy ha mei 5-1 en 6-2 wûn fan Jildou Sweering, Andrea Kroes en Marije Hellinga. Sweering gong ûnder applaus fan it fjild: sy keatste hjoed har fiifde en lêste PC.
By de oare partij giet it ek hurd: Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma steane mei 5-1 foar tsjin Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.
13:25
Ankel Siegersma giet goed
Kânsen moatte je gripe, hielendal as je net de favoryt binne. It partoer fan Jildou Sweering stie yn it earste earst mei 6-2 foar tsjin Ilse Tuinenga, mar it buordsje gong dochs nei Tuinenga-en-dy. Dy pakten dêrnei ek it twadde earst en steane mei in spul foar.
By de oare partij is it 1-0 foar Tineke Dijkstra. Yn dat partoer spilet Harmke Siegersma mei in yntapet ankel, want dêr hie se yn de earste omloop lest fan. No giet it prima, seit se.
13:16
De twadde list
We geane fierder mei de twadde omloop. Ien partoer is dalik al wis fan de finale: de winner fan de partij tusken Inge Jansma en Nienke Sijbrandij hat yn de heale finale in steand nûmer en giet direkt troch nei de einstriid.
Earst de twa oare partijen: Tuinenga tsjin Sweering en Bruinsma tsjin Dijkstra.
Twadde list
2. | Ilse Tuinenga Margriet Bakker Sjanet Wijnia | 4. | Jildou Sweering Andrea Kroes Marije Hellinga |
6. | Anna-Brecht Bruinsma Anne Monfils Jennie Terpstra | 8. | Tineke Dijkstra Louise Krol Harmke Siegersma |
9. | Inge Jansma Larissa Smink Anouk Smink | 12. | Nienke Sijbrandij Manon Scheepstra Marrit Zeinstra |
13:12
Alle útslaggen oant no ta
Utslaggen earste list
Aletta van Popta Mintje Meintema Miranda Scheffer | 2-5 2-6 | Ilse Tuinenga Margriet Bakker Sjanet Wijnia |
Annet de Haan Lotte Delgrosso Annelien Broersma | 3-5 4-6 | Jildou Sweering Andrea Kroes Marije Hellinga |
Wybrig Bakker Corry Kroondijk Gerde Lycklama à Nijeholt (ferfangt Fiera de Vries) | 2-5 0-6 | Anna-Brecht Bruinsma Anne Monfils Jennie Terpstra |
Serena Hovenga Amarins de Groot Aluca Bouma | 1-5 2-6 | Tineke Dijkstra Louise Krol Harmke Siegersma |
Inge Jansma Larissa Smink Anouk Smink | 5-3 6-4 | Roelie Kroondijk Klasina Huistra Simone Kootstra |
Sietske Okkema Jeska Terpstra Martzen Deinum | 0-5 0-6 | Nienke Sijbrandij Manon Scheepstra Marrit Zeinstra |
13:09
Klear mei de earste list
We binne klear mei de earste list. Inge Jansma, Larissa Smink en Anouk Smink winne mei 5-3 en 6-4 fan Roelie Kroondijk, Klasina Huistra en Simone Kootstra. Jansma-en-dy keatse yn de twadde omloop tsjin Nienke Sijbrandij.
13:08
Ein karriêre Martzen Deinum
12:58
Sijbrandij 5-0 6-0
Se wûnen dit jier sân fan de njoggen haadklassepartijen en ek hjoed begjinne se sterk: Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra binne troch nei de twadde omloop. Se winne mei 5-0 6-0 fan Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum.
12:48
Rap by Sijbrandij
De topfavoriten litte der oant no ta gjin twivel oer bestean: Sijbrandij-en-dy steane mei 3-0 foar tsjin it partoer fan Sietske Okkema.
Inge Jansma en de debutearjende nichten Larissa en Anouk Smink liede mei 3-2 tsjin Roelie Kroondijk, Klasina Huistra en Simone Kootstra. Dy lêste is ek debutant trouwens.
12:37
Gesellich yn Weidum
12:18
Hast klear mei de earste list
De lêste twa partijen op de earste list binne los: Inge Jansma, Larissa Smink en Anouk Smink tsjin Roelie Kroondijk, Klasina Huistra en Simone Kootstra.
Dêrnjonken keatse Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum tsjin de titelferdigeners: Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
12:13
Nettsjinsteande blessuere wint Siegersma
De PC-karriêre fan Tineke Dijksta en Harmke Siegersma is noch net dien. Mei Louise Krol winne se mei 5-1 6-2 fan Serena Hovenga, Amarins de Groot, Aluca Bouma.
Sa sjocht de twadde list der oant no ta út:
Twadde list (foarriedich)
2. | Ilse Tuinenga Margriet Bakker Sjanet Wijnia | 4. | Jildou Sweering Andrea Kroes Marije Hellinga |
6. | Anna-Brecht Bruinsma Anne Monfils Jennie Terpstra | 8. | Tineke Dijkstra Louise Krol Harmke Siegersma |
9. | Inge Jansma Larissa Smink Anouk Smink | 12. | Nienke Sijbrandij Manon Scheepstra Marrit Zeinstra |
12:02
Bruinsma wint
Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra binne troch: se winne mei 5-2 en 6-0 fan Wybrig Bakker, Corry Kroondijk en Gerde Lycklama à Nijeholt, dy't dus Fiera de Vries ferfangt.
Blessuere Siegersma
De oare partij (Hovenga tsjin Dijkstra) lei even stil: Harmke Siegersma moast behannele wurde troch de fysioterapeut. Se kin wol fierder keatse. It stiet 4-1 en 6-4 foar Dijkstra.
11:53
Tuskenstannen
It partoer fan Wybrig Bakker stiet nei de gaos op efterstân tsjin Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra: 2-4.
By Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma tsjin Serena Hovenga, Amarins de Groot, Aluca Bouma stiet it 4-1. Foar Dijkstra en Siegersma is it de lêste PC, sy hâlde nei dit seizoen op.
11:35
Betizing oer reglemint: wa mei as ferfanger?
Yn it partoer fan Wybrig Bakker en Corry Kroondijk hat Fiera de Vries in knibbelblessuere. Bakker en Kroondijk woene Lotte Delgrosso as ferfanger foar De Vries ynsette, mar dat mei yn de earste omloop noch net, omdat Delgrosso al mei in oar partoer op de list stie.
De Vries besocht earst dêrom de omloop mar ôf te meitsjen, mar dat slagget har net. No komt Gerde Lycklama à Nijeholt fan It Heidenskip derby as ferfanger. Dat mei wol, want sy stiet net op de list.
11:06
Sweering ferrast De Haan
Jildou Sweering, Andrea Kroes en Marije Hellinga winne mei 5-3 en 6-4 fan Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma. Dat is in ferrassing, want it partoer fan De Haan helle dit seizoen trije kear de finale yn de haadklasse.
Sweering en dy pleatsten har fia de keats-off foar de PC fan hjoed.
Tuinenga tsjin Sweering
It betsjut ek dat de earste partij op de twadde list bekend is: Tuinenga tsjin Sweering.
10:46
Tuinenga troch
It earste partoer op de twadde list is bekend: Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia winne mei 5-2 en 6-2 fan Aletta van Popta, Mintje Meinema en Miranda Scheffer.
Tuinenga en Bakker hellen ferline jier de finale, doe noch mei Imke van der Leest. Yn de finale ferlearen se doe fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Dat partoer komt dalik yn aksje.
Ferrassing?
De earste ferrassing is ek hast in feit. Sweering-en-dy steane mei 5-2 foar tsjin Annet de Haan.
10:39
As in spear
Ilse Tuinenga giet as in spear. Se steane mei 5-0 foar tsjin Aletta van Popta.
Annet de Haan, dit jier al in pear kear priiswinner, hat it tsjin Jildou Sweering in stik dreger: 2-2.
10:21
Tuinenga op 2-0
It partoer fan Ilse Tuinenga is goed begûn, se steane mei in spul foar tsjin Van Popta: 2-0.
By Annet de Haan tsjin Jildou Sweering is de stân yn lykwicht: 1-1.
10:11
We binne los!
De earste fjouwer partoeren binne úteinset!
Aletta van Popta, Mintje Meinema en Miranda Scheffer keatse tsjin Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia.
Tagelyk steane Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma op it gers. Sy nimme it op tsjin Jildou Sweering, Andrea Kroes en Marije Hellinga.
10:10
De earste partoeren steane klear
09:51
Foarútsjen
De PC begjint hast. Geert van Tuinen docht de hiele dei ferslach op de radio, fan 'e moarn seach er al even foarút:
09:33
Der binne noch kaarten
09:03
Sijbrandij titelferdigener
Ferline jier gong de winst nei Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Yn de finale wûnen se fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest: 5-2 en 6-2.
Sjoch hjir nochris nei de finale en de reaksjes fan ferline jier:
09:00
De earste list
Lotting Frouljus PC 2021
1. | Aletta van Popta Mintje Meintema Miranda Scheffer | 2. | Ilse Tuinenga Margriet Bakker Sjanet Wijnia |
3. | Annet de Haan Lotte Delgrosso Annelien Broersma | 4. | Jildou Sweering Andrea Kroes Marije Hellinga |
5. | Wybrig Bakker Corry Kroondijk Fiera de Vries | 6. | Anna-Brecht Bruinsma Anne Monfils Jennie Terpstra |
7. | Serena Hovenga Amarins de Groot Aluca Bouma | 8. | Tineke Dijkstra Louise Krol Harmke Siegersma |
9. | Inge Jansma Larissa Smink Anouk Smink | 10. | Roelie Kroondijk Klasina Huistra Simone Kootstra |
11. | Sietske Okkema Jeska Terpstra Martzen Deinum | 12. | Nienke Sijbrandij Manon Scheepstra Marrit Zeinstra |
08:45
Sijbrandij grutte favoryt
Der is dit jier ien grutte favoryt: it partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. De titelferdigeners binne dit seizoen oppermachtich: fan de njoggen frijeformaasjepartijen wûnen se sân.
It iennige oare partoer dat dit seizoen oerwinningen pakt hat, bestiet út Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Sy wûnen twa kear.
En oars?
Outsiders binne de partoeren fan Annet de Haan, Tineke Dijkstra en Sietske Okkema. Sy wûnen dit seizoen gjin haadklassepartijen, mar hellen wol finales.