De toan fan Froukje Sijtsma: "Yn slow motion op Skylge"

25 aug 2021 - 08:49

"'There is no tomorrow'. Moarn bestiet net. Ik hear de kalme wurden fan de jazzsjongeres út de boksen boppe myn holle kommen. Mei myn suske Gjaldau sit ik op it terras mei útsjoch op it Griene Strân fan Skylge.

"Dy sjongeres wit it moai te fertellen", sis ik. Gjaldau fiert har earste frije wykein fan har fakânsje. Myn knyntsjedagen fan in royale moanne sitte der op dat stuit hast op. Wat soe it hearlik wêze ast dat fakânsjegefoel noch efkes fêsthâlde koest. Datst hielendal neat hoechst en moarn noch efkes op him wachtsje lit.

Fjouwer folle wiken fakânsje. It lake my dizze simmer wol ta. Der soe grif wer in hjitteweach komme. Ik koe my dan hearlik deljaan ûnder de útsketten dakplataan. Myn bleate skonken bongeljend út de hingmatte, in taffeltsje mei in lading boeken dy't al skoften yn de boekekast wachte hienen om iepenslein te wurden. Sa no en dan soe ik in ezelsear teare fan in bledside, as ik in boek oan de kant lizze soe om efkes te slûgjen. Mei de eagen ticht soe ik harkje nei it kletterjen fan de wyngong en it kwetterjen fan fûgels.

De dagen, de wiken fleagen foarby. In wike mei myn dochter op ienâlderfakânsje, in sândaachse pyamamaraton thús op it waarme skieppefachtsje op de bank, genietsjend fan de millimeters rein en liters dampjende tee. En doe noch oardel wike mei myn famke thús en bûtendoar fan alles ûndernimme.

En doe wie hy dêr. It yrritante stimke yn myn efterholle dat my derop wiisde dat it tiid wie om it bûsboekje der mar wer ris by te pakken; in oersjoch te meitsjen fan hokker wurksumheden der wer yn gong set wurde moasten. Mar... ik hie gjin sin. Totaal gjin sin om de simmer ôf te sluten, om't it troch it wiete waar noch net hielendal as in echte simmer field hie.

Dat alderlêste frije wykein mocht om my wol in ivichheid duorje. En dus gienen myn suske en ik nei Skylge. Op 'e Waadeilannen ferdampe tinzen, fertraget de tiid. We fytsten troch de dunen, lutsen ús bikiny oan en ferdwûnen yn de weagen fan de see. We ieten moksels oant we net mear koenen, dronken wite wyn en laken mei ûnbekenden op it terras.

Hielendal neat hoege, gewoan wat omlummelje. Wat fyn ik dat in hearlikheid. Doe't myn suske en ik sneintemiddei roazich út de sauna kamen, sieten we op it terras foar ús út te stoarjen nei drûchlizzende skippen en warbere waadrinners. Minutenlang tegearre swije, sûnder dat je it trochhawwe en sûnder dat it steurt. It wie ús slagge, der wie noch efkes gjin 'tomorrow', mar wol it beslút om faker te fertraagjen en moarn gewoan moarn te litten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)