Hurdfytser Tristan Bangma wint goud op 4 kilometer efterfolging yn Tokio

Hurdfytser Tristan Bangma hat woansdei goud wûn op de 4 kilometer efterfolging op de Paralympyske Spelen. Mei syn ko-piloat wie er yn de finale fierstente rap foar titelferdigener Stephen Bate út it Feriene Keninkryk. De race waard nei goed 3200 meter ôfsketten doe't Bangma syn tsjinstanner ynhelle.
© ANP
Earder op de dei hie de Donkerbroekster him mei syn ko-piloat Patrick Bos kwalifisearre mei in nij wrâldrekôr fan 3.59,470. Hy gie by de race de hiele tiid oan kop. Dêrmei is er de earste para-atleet ûnder de 4 minuten.
Het is een droom die uitkomt.
Tristan Bangma
"Het voelt prachtig. Alles komt samen. Alles op dit ene moment. Ik heb er echt geen woorden voor, onder de vier minuten een wereldrecord en daarna de finale zo winnen. Het is een droom die uitkomt", sei Tristan Bangma yn in earste reaksje op Twitter nei syn race en foar it opheljen fan de medalje.
"Zo mooi om dit te beleven", sei Patrick Bos.
Besjoch it filmke yn de tweet hjirûnder:
Yn it foar hie Bangma al oanjûn dat de kâns op in medalje grut wie. "De 4 kilometer achtervolging en de wegwedstrijd, dat zijn voor ons de twee belangrijkste onderdelen. Daar hebben we ook de grootste kans om een medaille te winnen."
Yn 2016 wûn Bangma ek goud, dat wie op de ien kilometer op de baan.
Radio 'tribute' oan Tristan Bangma, mei Ingelsk kommentaar fan de gouden race
Tristan Bangma komt noch twa kear yn aksje: tiisdei 31 augustus mei de tiidrit op de dyk en freed 3 septimber mei de wedstriid op de dyk.