Alyda Norbruis 12e op de 3 kilometer efterfolging op Paralympyske Spelen

25 aug 2021 - 07:44

Baanhurdfytster Alyda Norbruis is by de kwalifikaasje op de 3 kilometer efterfolging 12e wurden op de Paralympyske Spelen yn Tokio.

Foto: ANP

Nei de earste kilometer stie se op it njoggende plak, mar nei twa kilometer kaam se op it tolfde plak en dat wist se te behâlden.

Dat is te min foar in medalje op dit ûnderdiel en se hoecht dus net mear yn aksje te kommen.

De 32-jierrige Oerterpster moast dizze race ride om't elke dielnimmer oan twa ûnderdielen meidwaan moat. Foar Alyda Norbruis giet it mear om de 500 meter tiidrit, dy stiet freed op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)