Boeren yn noardeasten fan Fryslân wolle langer jarje; fersyk by minister dellein

25 aug 2021 - 07:16

Boeren yn it noardeasten fan ús provinsje komme yn 'e knipe mei it oanlizzen fan in winterfoarried fretten foar har bisten. Dat komt troch alle reinwetter dizze simmer en ek om't der troch de kâlde maitiid pas let foar it earst meand wurde koe.

Foto: Omrop Fryslân

Lânbou-organisaasje LTO-Noord freget demisjonêr minister Schouten fan Lânbou oft boeren yn it noardeasten twa wiken langer jarje meie. Gewoanwei meie boeren jarje oant 31 augustus.

"Twee weken lijkt me genoeg, het weer wordt beter", seit Henk Hulshoff fan LTO Noord. "Het land wordt weer beter begaanbaar. Door al die neerslag zijn we al een snee gras achterop. Dus het zou mooi zijn als het gras langer kan staan. De mest is nodig om meer voederwaarde te krijgen. Het ontbreekt nu aan eiwit."

Hy hopet dat de minister akkoart giet. "Het is een uitzonderlijk verzoek, maar we hebben ook uitzonderlijk weer gehad."

Henk Hulshoff

Trefwurden: 
waar boeren LTO Noord jarje
(Advertinsje)
(Advertinsje)