Boeren by Wâldsein noch drok mei it fuortpompen fan wetter út de polders

Boeren dy't buorkje yn de polder by Wâldsein, binne noch hieltyd yn de slach mei it oerstallige wetter. Se besykje mei trekkers en pompen it wetter fuort te krijen. It ôfrûne wykein foel de rein mei bakken út de himel. En troch dat wetter binne de greiden noch dweiltroch wiet en kin it gers net fan it lân helle wurde.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De pompen dy't de boeren in pear jier lyn oanskaft ha om de mûzen te bestriden, wurde no ynset tsjin it hege wetter. By it gemaal yn Yndyk steane trije trekkers te draaien, want it gemaal sels kin de oerlêst net ferhelpe.
Tsientûzenen kúb wurde útwettere yn de Hegemer Mar. Boer Douwe Rijpkema fertelt dat alle boeren yn de polder meidogge om it probleem op te lossen. Se nimme de kosten fan it pompen foar eigen rekken. Dochs is dit net in oplossing op de lange termyn, seit Rijpkema. "Miskien moat der wol in nij en grutter gemaal komme. Want dit kin sa net langer."
Hy ferwachtet dat de boeren woansdei trochpompe sille. Nei alle gedachten is it wetter dan wer op akseptabel peil.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Douwe Rijpkema