Trije generaasjes op ien keatsfjild: Jennie Terpstra yn fuotstappen mem en beppe

Nei earder al beppe Hennie en mem Joke stiet woansdei ek Jennie Terpstra op de Frouljus PC. Mei Anna-Brecht Bruinsma en Anne Monfils wol se foar in stunt soargje yn Weidum. Neffens beppe en mem meitsje se kâns.
Trije generaasjes ûnderfining op ien keatsfjild
"As je meidogge, dan ha je kâns", seit mem Joke Koldijk. "Mar moatst partij foar partij sjen, net fierder as de earste omloop."
Neffens mem Joke hat Jennie it altyd op eigen krêft dien. "Se woe graach in hiel soad traine. We ha wol 100.000 ballen op it keatsfjild fan Mantgum foar har oangoaid, dat sy mar slaan koe." En yn it wykein nei de wedstriden. "Elke sneon en snein, as se keatse moast, wie ik der ek by. Ik ha hast neat mist."
It nivo fan no is folle heger as yn de tiid fan beppe Hennie Koldijk. "Se slaan folle better, se ha folle bettere trainingen hân. Wy hienen yn dy tiid hielendal gjin trainingen."
Jennie Terpstra, Hennie Koldijk-Smink en Joke Koldijk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dus beppe kin it net mear fan Jennie winne. "Mar fan Joke ha ik it ek al ferlern. Doe wie it ek al: 'Bliksem, je wordt ouder, moeke.'"
Krekt as mem Joke is beppe Hennie der sa faak as mooglik by. En dan seit se ek wolris wat, al sit Jennie dêr net altyd op te wachtsjen. "'Ja beppe', is it dan."

Soad leard

Neffens Jennie hat se in soad leard fan har mem en beppe. "Je krije it fan hûs út mei. En no wit ik sels wol hoe't it moat, mar sa no en dan sjogge je it fan bûten it fjild better as yn it fjild sels. Sûnder mem en beppe hie ik hjir net stien."
De PC is yn myn belibbing wolris wat oerskat.
Mem Joke Koldijk
Oft Jennie de PC wint of net, dêr falt of stiet de karriêre net mei, fynt mem Joke. "De PC is yn myn belibbing wolris wat oerskat. It is in hartstikke moaie partij, mar it moat net allegear om de PC draaie. As se der wille yn ha, de sport moai fine en mei-elkoar better wurde, dat is ek in hiel moai proses."
It partoer fan Jennie Terpstra spilet woansdei yn de earste omloop tsjin Wybrig Bakker, Corry Kroondijk en Fiera de Vries.
De Frouljus PC is woansdei de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en online, en fan 14.00 oere ôf ek op telefyzje.