Oprop oan besikers Blauhúster Merke: Doch coronatest

Besikers fan de Blauhúster Merke wurde mei klam oproppen har teste te litten op corona. GGD Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân komme mei dy oprop, no't der tsien besmettingen mei it firus te linken binne oan de merke.
De yngong fan de coronafirus-testlokaasje yn Drylts © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Blauhúster Merke waard ferline wike hâlden, mei op tongersdei in follybaltoernoai. Neffens de GGD binne dêr de earste minsken besmet rekke.
De merke fan Blauhús luts sa'n 700 besikers. Wa't him teste litte wol, kin dat ûnder oare dwaan by de GGD-lokaasje yn Drylts.