Fytser út Westergeast ferstoarn by ûngelok yn Lauwerseach

24 aug 2021 - 21:49

In man út Westergeast is tiisdeitemiddei ferstoarn nei in ûngelok yn Lauwerseach. It slachtoffer fytste op de Strandweg en kaam troch onbekende oarsaak yn botsing mei in oare fytser.

Foto: Noordernieuws

De fytser út Westergeast foel en rekke swier ferwûne. De man waard mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr ferstoar er letter oan syn ferwûningen.

De oare fytser dy't belutsen wie by de oanriding, rekke net ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)